- 28 - Wat de o.z.b. oanbelanget seit hy dat foar it finansjele pro bleem dêr't de gemeente no mei sit in ferheging fan 3% net foldwaande is. Wat de brânwar oanbelanget seit hy dat it hjir om in bestjoerlike saak giet. Dêryn is it kolleezje ferantwurdlik en net de twadde kommandant. Hy wol op gjin inkele manier befês- tigje dat der fanút de brânwar oantrune is op it opheffen fan de brânwar fan Raerd. Tusken Grou en Akkrum bestiet in süne rivali teit. Dit ütstel fan it kolleezje wol ek tefoaren komme dat it op in profesjonele brânwar tagiet. It kolleezje is dêr op mear as ien punt tsjin. De sinten, mar fral de frijwillichgers dy't tige entûsjast en effektyf wurkje. Hy is it iens mei de hear Renia dat de ûndúdlikheid oer Raerd weinommen wurde moat, oars bliuwt it elts jier in punt fan diskusje. Mei in jongereinwurker yn Grou is der noch gjin opbouwurk yn Boarnstqrhim. Op dit stuit is der gjin finansjele romte foar in opbouwurker. It kolleezje hat net sein dat kapitaals-ynvestearrings it binne as it om wurk giet, mar se kinne der wol in bydrage oan foarmje. Der moat mear barre. Dêr hearre ek Foarwurk, ûntwikkeling fan it midden- en lytsbedriuw, de yndustry, rekréaasje en toerisme by. It kol leezje sjocht gjin heil yn de kommisje dy't de hear Van der Baan ynstelle wol. It giet dan fral om de bestjoerlike kant fan de medalje omt dêr it foech ta it nimmen fan besluten leit. We komme faker op earder nommen besluten werom en it kin net allinne foar de brânwar yn Raerd jilde dat ôfspraken neikommen wurde moatte. It kolleezje hechtet ek oan it lûd fan de basis. Mar it giet om de organisaasje dy't dêr achter leit. It kol leezje wol prate mei it fjild. It belang moat troch it fjild, it partikulier ynisjatyf sjoen wurde. In artikel 61 struktuer fynt it kolleezje te swier. Ek finansjeel komt it de gemeente goed út dit oars yn te foljen. It kolleezje fynt dat der oangeande it ûnderhâld fan diken en wegen in ynhaalslach plakfine moat. Dêrom kin hy net achter it ütstel fan de F.N.P. stean. As de F.N.P. gjin ferheging fan de o.z.b. wol ûntstiet der wol in gat yn de begrutting. Wethâlder Nieuwdam fynt dat in jongereinwurker wat oars is as in opbouwurker. Hy seit ta dat de jongereinwurker net fergetten wurde sil, mar sa't it no liket sil it wol wachtsje moatte op bettere tiiden. Wethâlder De Boer seit dat Foarwurk al ferskillende tariven hantearret. Yn it oerlis mei Foarwurk sil sy prate oer de diel- name fan oare gemeenten. Se fynt it fan belang dat der goede, strukturele ófspraken oer it belied ten oansjen fan de âlderen makke wurde. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 14.10 oere foar oerlis yn en tusken de fraksjes. Hy weriepent de gearkomste om 14.15 oere. De hear Breeuwsma seit dat foar it trochrinnen litte fan de brânwar yn Raerd de earste 5 jier allinne mar de lesten opfierd wurde hoege omt de brânwarauto de earste 5 jier net ferfongen hoecht te wurde. It stânpunt fan syn fraksje oangeande de goed- karring fan'e begrutting stiet noch rjocht oerein. NOTUL.DEC/H/28

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 30