- 30 - Se fynt wol dat dit struktureel trochfierd wurde moat, dus gj in ienmalige dekking sa't it C.D.A. dat wol. Ek sy freget wêrom de ferleging fan ferline jier net trochfierd is. De hear Bouma is benijd nei it petear yn'e ôfdieling oer de list fan de VNG oer de riedsfergoedingen. De hear Van der Baan seit dat hy it ütstel fan syn fraksje oer de tredde wethâlder ynlûkt omt der net genôch stipe foar is. It ütstel oangeande de abonneminten hanthavenet hy. De foarsitter moat tajaan dat noch mar krekt bekind is dat de ferleging fan'e fergoeding net trochfierd is. Yn'e ôfdieling sil sa as ek de hear Bouma al oanjûn hat noch by de fergoeding foar riedsleden stilstien wurde. It kolleezje wol it ütstel fan it C.D.A. net oernimme om f 15.000,00 foar de kommisjes ienmalich te dekken. Hy konstatearret dat de ried sünder persoanlike stimming akkoart giet mei de ferleging fan de fergoeding foar it riedslidmaatskip. De ried giet ek sünder persoanlike stimming akkoart mei it ütstel oangeande de kommisjes. De fraksjes fan it C.D.A. en de F.N.P. wurde achte t^sjinstimd te hawwen. It ütstel fan de F.N.P. om de post abonneminten te ferleegjen wurdt sünder persoanlike stimming fersmiten. De fraksje fan de F.N.P. wurdt achte foarstimd te hawwen. Hoofdfunctie 1. De hear Breeuwsma werhellet de miening fan syn fraksje oangeande de brânwar yn Raerd. Hy leit der de klam op dat der fatsoenlik mei minsken omgien wurde moat. De auto dy't it korps brûkt is noch krekt as nij en hoecht de earste 5 jier net ferfongen te wurden. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie van mening is dat ook het werk van Foarwurk tegen het licht gehouden moet worden nu de Stichting hoe langer hoe meer regionaal en gemeentegrensover- schrijdend werkt. Haar fractie staat volledig achter het werk dat de Stichting doet, daar gaat het niet om. Het is echter een feit dat een deel van onze subsidie verdwijnt naar inwoners van andere gemeenten. Ook voor Foarwurk geldt dat er gestreefd moet worden naar kostendekkendheid. Kan men de cursus niet betalen dan kan een beroep op de bijzondere bijstand worden gedaan. Voor herintreedsters geldt dat het gezinsinkomen als norm zou moeten dienen. Er wordt gezegd dat er nogal emotioneel over de brand weer in Raerd wordt gepraat. Zou datzelfde niet gelden voor de relatie P.v.d.A. - Foarwurk? De hear Van der Baan is lykas it C.D.A. van betinken dat de besuniging dy't op papier setten is net helle wurde sil. Mei dit ütstel sjocht syn fraksje ek de frijwillichheid by de brânwar yn gefaar kommen. Hy sil de partijen dy't it korps fan Raerd wol opheffe wolle, dêr letter ek op oansprekke. Hy ünderstreket it fersyk om by Foarwurk te besjen wat wol en net mooglik is. NOTUL.DEC/H/30

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 32