- 31 - De hear Renia seit dat dizze riedsperioade wol yn it teken fan de brânwar stiet. Oan it begj in de opheffing fan it korps van Aldeboarn en no dan Raerd. Hy tinkt dat alle minsken dy't sizze dat der ûnfatsoenlik hannele wurdt en dat in wurd in wurd is gelyk hawwe. It spyt him tige dat it sa rinne moat. Mar alle plannen om Raerd yn stân te hâlden hawwe gjin realiteitswearde. Syn fraksje stimt dêrom yn mei it ütstel. De heer Koot zegt veel met de brandweer te hebben gesproken. In Nijefurd bestaat al een brandweer met satellietkorpsen en dat werkt uitstekend. Hij vindt het jammer dat het nieuwe normensys teem niet over de hele gemeente is ingevoerd. Hij stelt voor een werkgroep uit de brandweer samen te stellen die moet onderzoeken of het mogelijk is tot één korps met sattelietkorpsen te komen. Mefrouw Santema fynt ik ek tige spitich dat it korps yn Raerd op- heven wurdt. Yn ien adem wurdt ek Wergea meinommen foar f 23.000. Se freget wa't de brânkranen fan Wergea no kontrolearret. De foarsitter seit dat de opheffing fan it korps Raerd hiel gefoelich leit. Hy is lykwols fan betinken dat der in nuchtere ôfwaging makke wurde moat. De taak fan de gemeenteried is fêst te stellen wêr de brânwar syn fêstiging hat. De fragen nei de garânsje fan'e feilichheid fan de boargers en de gemeentlike finânsjes steane derby foarop. In pear jier lyn is besletten om Raerd oerein te hâlden. De diskusje oer de tankautospuit is noch net sa âld. Foar 1993 stiet der op it program in nije auto foar Raerd. No wurdt der sein dat dy auto noch wol in pear jier mei kin. Dat jout wol oan hoe't de diskusje ferrint. De kwestje is sa as de hear Renia seit: ütstel fan opheffen hâldt yn dat it ea dochs safier komme sil. Fanwegen de feilichheid is de post yn Raerd ommers net needsaaklik. Hy tinkt dat it ferstannich is om op basis fan de feiten, dy't yn de ünderlizzende stikken steane in beslüt te nimmen. Hy merkt op dat foar it kolleezje de frij- willige brânwar net yn gefaar is. Hy fynt de oersetting fan de sitewaasje fan Nijefurd op üs gemeente net reëel. De lizzing fan de groepen Akkrum en Grou is hiel ridlik. It binne twa lykwear- dige groepen, de ütmeunstering is hast gelyk. It liket him net nedich dêr yn om te wrotten. De suggestje fan de hear Koot wiist it kolleezje dêrom fan'e hân. De soarch foar de brânkranen wurdt fanüt de eigen ploegen wei regele. Wethâlder De Boer is it iens mei de sprekkers dat der net toarne wurde moat oan it wurk fan Foarwurk. Foarwurk wurket yndied diels regionaal, mar dat hat ek te krijen mei de subsydzje fanüt de E.G. De RBA's hawwe in oare taak as Foarwurk. Scholingstaken wurde ünder oare dien troch de RBO's en de ROC's. Ek Foarwurk docht in part fan it ütfierende wurk. Sy seit dat der noch mei Foarwurk praten wurde sil, ek oer de opmerkings sa't dy no makke binne. De hear Breeuwsma seit dat der fral praktysk wurke wurde moat. Op papier kin it wol hiel oars wêze as yn de praktyk. Hy hat fernommen dat yn Minnertsgea wer in ienheid oprjochte wurdt om dat de ôfstân te grut is. Ek yn Bilgaard is dat it gefal yn ferbân mei de tiid. Hy tinkt dat it hjir wol ris krekt sa gean kin. It opnij oprjochtsjen fan in ienheid kostet lykwols wol gâns mear dan it ynstânhâlden. Hy fynt it ferskriklik spitich dat it sa rint foar de brânwar yn Raerd. NOTUL.DEC/H/31

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 33