Zij denkt dat de Plaatselijke Belangen zo een opsomming kunnen geven van waar men graag de openbare verlichting ziet aangepast. Zij vindt het jammer dat de "bijdrage oudejaarsvoorziening" niet is opgenomen in de reguliere begroting. De hear Ren ia trunet mei klam oan op in provinsjale regeling oangeande.de brêgejilden. De hear Roorda seit dat der wol soarch bestiet oer de negative effekten fan taryfsferheging fan'e brêgejilden. Der bestiet noch hyltiten in probleem foar de minsken dy't tusken de brêgen yn Akkrum wenje. Der moat in regeling foar harren komme, it leafst noch foar it seizoen. Hy freget de ûntwikkeling fan it tal passaazjes troch de brêgen yn de alternative -rûte by te hâlden. Hy soe de risseltaten graach yn'e earste ôfdieling beprate wol- Ie. Hy freget oft it kolleezje ree is in besparring dy't út de stegerjilden komt te brûken foar in bystelling fan de brêgejild- tariven. De betsjinning fan'e nije brêge flakbij it gemeentekant- oar is noch gratis. Wêrom is dit sa? Hy hat der soarch oer dat der mar f 1.000,00 foar de âldjiersfiering útlutsen is. Hoe komt dit takom jier? De heer Koot wil graag het verkeersveiligheidsplan in de afde ling bespreken. De foarsitter seit dat it kolleezje der nei stribbet de maatre gels foar de Meinesleatsbrêge yn it ramt fan it reguliere ûnder- hâld út te fieren. Yn oerlis mei de Feriening fan Fryske Gemeen ten is der kontakt mei de provinsje oer de brêgejilden en de betsjinning. De passaazjes rûnom Akkrum binne sa stadichoan yn bild. It kolleezje is fan doel de oantreklikens fan Akkrum en Nes op te heegjen. Dêrby wurdt tocht oan toiletfoarsjennings ensafuorthinne. It abonnemint foar de ynwenners fan Akkrum sil yn'e skóging meinommen wurde. Ek it brêgeljild en in effisjin- tere betsj inning fan de brêge oer de Rjochte Grou hat it omtin- ken. De âldjiersfiering is yndied wat yn'e knipe kommen. It kolleezje wol lykwols besykje der op dizze wize út te kommen. Yn'e ôf- dieling sil it ferslach fan de âldjiersfiering besprutsen wurde. De opmerking oer de iepenbiere ferljochting sil hy meinimme. Wethâlder De Boer seit dat de ferkearsproblematyk yn Grou mei nommen wurdt yn'e doarpsfernijing. De parkearnotysje is fier- hinne klear. Mei de saken dy't net bite mei de doarpsfernij ing kin alfêst begûn wurde. It ferkearsfeilichheidsplan is noch net yn besprek jûn omt der gjin jild is en der dus better gjin ferwachtings wekt wurde kinne. Sy seit ta dat it plan yn'e twadde ôfdieling behannele wurdt. De hear Bouma seit dat neffens de saakkundigen de measte lantear- nepeallen ferkeard steane. Draai se in slach nei it trottoir om en de grutste knyppunten binne oplost. De foarsitter slút om 15.55 oere de gearkomste foar in lyts skoftke. Hy weriepent de gearkomste wer om 16.05 oere. - 33 - NOTUL.DEC/H/33

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 35