Hoofdfunctie 3: Mefrou Santerna seit dat as it hiele Fricoterrein ferkocht wurdt der yn Wergea gjin lytsskalich bedriuwsterrein mear is. De hear Van der Baan hat gj in antwurd krigen op syn f ragen oer mjitrisseltaten en (oanklaaiïng fan'e) boarlokaasjesHy soe dizze ûnderwerpen graach yn'e ófdieling behannelje wolle. De foarsitter seit dat fansels net de sitewaasje ûntstean moat dat Wergea sûnder bedriuwsterrein sit. It kolleezje hat dêr seker each foar. Yn'e ófdieling sil der weromkaam wurde op de miljeufragen fan de hear Van der Baan. Wethouder Aukes zegt dat er zeker nog in overleg met de maat schappijen bekeken zal worden of de beplanting rondom de boorlo- katies kan verbeteren. Hoofdfunctie 4. De hear Renia is der wiis mei dat de fergoedings takom jier op LONDO-hichte brocht wurde sille. Der bliuwt wat jild fan it earder ófboeken fan Krobbehiem oer: wat docht it kolleezje dêrmei? De haden fan'e iepenbiere skoallen hawwe wol in plomke fertsjinne foar it feit dat sy 5 jier stil wurke hawwe om dizze ombûging ta stân te bringen. Der sit f 40.000,00 ekstra op'e gymsealen fia it fûns nevengebrûk. Syn fraksje fynt dat dat bedrach op'e gymsealen bliuwe moat omt dêrfan it ûnderhâld en it meubilair noch net hielendal goed regele is. Syn fraksje fynt dat it kolleezje nochris goed nei de keazen wei sjen moat. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie de indruk heeft dat de gebouwen zwaar onderverzekerd zijn. Mefrou Santerna kin har oanslute by de wurden fan wurdearring dy't de hear Renia sprutsen hat. De gymsealen steane der poermin foar, benammen dy yn Wergea. Sy fynt dat dêr gau in ûnderhâldsp- lan foar komme moat. Wethâlder De Boer seit ta dat sa gau mooglik alles wat L0ND0- noarmen oanbelanget op in rychje setten wurde sil. Ek de gym sealen sille dêryn meinommen wurde. De opmerking oer de ünderfer- sekering sil sy trochspylje. Yn'e ófdieling sil dêroer praten wurde. In part fan it jild fan de ófskriuwing fan Krobbehiem is brûkt foar de rekken foar 1994. De foarsitter nimt oan dat as der sprake is fan ünderfersekering dat de ried it kolleezje mandaat ferlient dat op in adekwate wize op te lossen. Wethâlder Nieuwdam seit dat yn it ramt fan de weroriëntaasje op de sport ek de trochslûzing fan it jild fan de gymsealen nei ûnderwiis algemien beskóge wurde sil. Op koarte termyn sil der in ûnderhâldsplan foar de gymsealen komme. Hoofdfunctie 5. De hear Renia tinkt dat der mooglik by de trochfiering fan de besuniging foar de bibleteek tsjin de minimumeasken fan de C.B.D. oanrûn wurde sil. Gelokkich is der noch tiid om oer dizze swierrichheden te praten. - 34 - NOTUL.DEC/H/34

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 36