- 35 - Hy fynt it tige spitich dat der noch gjin kulturele notysje, mei dêryn it museum- en it monumintenbelied, makke is. Neffens syn fraksje is it útstel fan de F.N.P. om f 5000,00 ekstra nei it pjuttwurk te bringen net nedich omt dat by de werstrukturering fan|e jilden foar sosjaal-kultureel wurk meinommen wurde kin. Syn fraksje is fan betinken dat der troch ûnderhanneljen mear jild út de stegers te heljen is. De hear Van der Baan seit dat al in tal amtners in diploma Frysk hawwe. Hy fynt dat it Frysk mear yn'e praktyk tapast wurde moat. Hy doelt dan net op it oersetten fan stikken út it Hollânsk wei want dat soe allinne mar ekstra jild kostje en dat is net syn bedoeling. It eigen kultuerguod en de eigen taal kin in wichtige rol spylje yn'e rekréaasje. Syn fraksje fynt. dat de besuniging op de bibleteek weromlutsen wurde moat. Hy stelt dêrom út op'e mearjierrebegrutting foar 1995 f 100.000,00 ta te foegjen. As kompinsaasje hat syn fraksje in tal posten opjûn. Hy hopet dat de privatisearing dat opsmite sil wat it kolleezje tinkt, al- hoewol't hy dêr wol syn twifels oer hat. It wurdt tiid dat der tsjingas jün wurdt tsjin de omlizzing fan it P.M.kanaal, dy't neffens him in fernieling en bedriging ynhâldt fan de wette- rrekréaasje om Grou hinne. Syn fraksje sjocht folie mear yn it werstellen fan âlde wetterferbiningsEk de subsydzje foar it V.V.V. sil lykas oare subsydzjes opnij besjoen wurde moatte. Yn'e mearjierrebegrutting kin it seker as p.m.post beneamd wurde. De hear Bouma wachtet mei spanning de evaluaasje run de steg er jilden óf. Wat him oanbelanget mei de evaluaasje wol sa gau mooglik sadat der foar it seizoen noch it ien en oar regele wurde kin. Mevrouw Van den Berg vindt het antwoord van het college aangaan de de wachtgeldverplichting inzake de bibliotheekvoorziening niet sterk. Om een goed besluit te nemen moet er toch eerst goed naar de gevolgen worden gekeken. Zij had eigenlijk een voorstel van de P.v.d.A. verwacht om niet het budget voor de peuterspeelzalen te verlagen. Haar fractie stelt voor f 5.000,00 eenmalig te dekken uit onvoorzien 1993 zodat in 1994 rustig kan worden bekeken of de peuterspeelzalen buiten de bezuinigingen kunnen vallen. De foarsitter seit dat de evaluaasje fan de stegers yn'e earste ófdieling plakfine sil. It barren moat beoardiele wurde tsjin de achtergrûn fan it riedsbeslút mei al syn mooglikheden mar ek beheinings De hear Renia hat gelyk dat as de mooglikheid der is, der mear út te heljen is, ek finansjeel. Yn it üntwikkelingsplan sil de kultuer en it kultuertoerisme in rol spylje. It kolleezje wol op lange termyn besjen wat privatisearing opsmite kin. Dêr wol it kolleezje ek mei de ófdieling oer prate. Oer de omlizzing fan it P.M.-kanaal wurdt kennelik ferskillend tocht. Oer de betroulike notysjes dy't der lizze kin hy noch gjin meidielings dwaan. De opset moat wol wêze dat der foar de befolking wat goeds mei de saneamde majeure projekten dien wurde kin. Om no al in konklúzje te lûken oer de V.V.V.-subsydzje is him te betiid. Yn 1994 sil der mei de V.V.V. prate oer de ûntsteane sitewaasje. De útslach fan dat petear wurdt mei de ried oer praten. NOTUL.DEC/H/35

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 37