- 36 - Wethâlder Nieuwdam hat konstatearre dat 3/4 fan de fraksjes har ren skôgings yn it Frysk diene. Dat is neffens him noch net earder bard. Yn Boarnsterhim is noch hyltiten sprake fan in folgjend taalbelied. Mei it beheljen fan diploma's Frysk binne fansels net direkt alle problemen oplost. Ek de memoarje fan antwurd joech hjir en dêr problemen omt guon stikken oerset wurde moasten. Hy ünderkint dat foar de bibleteek net alle pro blemen al oplost binne. Yn 1994 sil fierder ynhâld jûn wurde moatte oan'e taakstelling. It kolleezje giet net akkoart mei it útstel fan de F.N.P. No't Sibrandabuorren ütfallen is is it budzjet foar de oerbliuwende pjutteboartersplakken lykbleaun oan foarich jier. De hiele besuniging fan f 5000,00 wurdt dus net trochfierd. Yn it ramt fan de werstrukturering fan it jild foar sosjaal-kultureel wurk wol hy tasizze dat de aspekten oangeande musea en monuminten meinommen wurde sille. Hy sil net oantrünje op it skriuwen fan notysjes wylst fantefoaren al bekind dat der jild by moat. De hear Van der Baan seit dat der yn Boarnsterhim nei 10 jier noch net iens oan in folgjend taalbelied takommen wurdt. Hy giet derfoar yn'e pleit wol belied te meitsjen sadat it jild wat de léste jierren bestege is oan de ynvestearring yn de Fryske taal net weismiten jild is. De taak fan de gemeente en dy fan de V.V.V. is in oare. .Wy moatte goede betingsten skeppe. De ynves tearring dy't de gemeente docht hoecht net altiten nei de V.V.V. brocht wurde; it kin faaks ek op in oare manier. Fan in goed museumbelied profitearret sawol de gemeente as de V.V.V. De V.V.V. hat, tinkt him, ek oare goede mooglikheden om jild te generearjen. Kompinsaasje troch hinderwet- en boufergunningleges is wol in goed ütstel. Lykas by de hüssmoargens jildt ek hjir dat der kostendekkend wurke wurde moat. Yn dit gefal moat net mei 2 maten mjitten wurde. De stegerjilden wol hy as p.m.post opnimme en dan is de dekking wat de bibleteek oanbelanget wol rûn. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie voorstelt toch f 2.300,00 bij te passen voor de peuterspeelzalen nu Sibran dabuorren is uitgevallen uit algemeen onvoorzien 1993. Dan kun nen de peuterspeelzalen hun verplichtingen ingaande 1 januari 1994 aangaan. De hear Ren ia seit dat as der ien ferbining oer it wetter is dy't realisearre wurde moat dat de Swin-Swetteferbining is. It hat in grutte blunder west fan Idaarderadiel om it P.M.kanaal sa te lizzen as it leit. Hy freget hoe't de wachtjilden foar it bibleteekpersoniel aanst dutsen wurde sille. It ütstel fan de C.D.A.fraksje hie ek sines wêze kind as der gj in oerlis west wie tusken him en de foarsit- ter fan de federaasje pjutteboartersplakken. De foarsitter seit dat hy foarearst akkoart giet mei it budzjet fan f 40.000,00 yn ôfwachting fan de werferdieling fan it budzjet foar sosjaal- kultureel wurk. Der is ferline jier al troch it kolleezje tasein dat der in kulturele notysje komme soe. Dêr wachtet hy dus op. De foarsitter bliuwt derby dat der foar de V.V.V.subsydzjes no noch gjin konklüzjes lutsen wurde moatte. De ferbining Swin- Swette hat it omtinken fan it kolleezje. NOTUL.DEC/H/36

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 38