GEMEENTE BOARNSTERHIM Notulen van de vergadering van de raad van de gemeente Boarnsterhim gehouden op 20 december 1993 om 19.30 uur in het gemeentehuis te Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Aanwezig: de dames D.J. Aukes-Huizinga (wethouder), K. van den Berg-Wiersma, T. de Boer (wethouder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.A. de Vries en de heren J.A. van der Baan, J. Bethlehem, A. Breeuwsma, S. Bouma, Y. Dotinga, ,J.A. Koot, A. Nieuwdam (wethouder), A.P. Oosterhof, P.M. Renia, J. Roorda en H. Veldstra. Voorzitter: de heer Y. Dijkstra. Secretarismevrouw A.M.E. van der Sluijs. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o De foarsitter iepent de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan'e oarder: 1. Gelegenheid tot het houden van algemene beschouwingen. De hear Renia seit: Foarsitter, Foar üs binne de algemiene skôgings gjin rituele act foar fjouwer hearen mar in tuskentiidse ferantwurding fan üs polityk hanneljen en tagelyk ek in foarüt sjen. Foar dizze riedsperioade hat dêrby it "ijkpunt" hyltyd west it kolleezjewurkprogram. Ferline jier by it oannimmen fan it bystelde bestjoersplan koe ik sizze, dat ûndanks alles dat kolleezjewurkprogramma op haad- linen ütfierd wie. Te tinken fait bygelyks oan de automatisearring, dy't in behoar- like ynvestearring frege en de reorganisearring fan it apparaat, dy't syn beslach kriget. Oan de opset fan de berne-opfang en oan mear jild foar goed maatskiplik wurk. Oan in grutte ynset fan middels foar it miljeu, ferdûbeling fan it ûnderhâldsfûns foar de wegen en de skoalgebouwen. It trochgean fan de doarpsfernijing: Boarn, Jirnsum, Terherne, Grou, Wergea. It werynrjochtsjen fan De Burd it toeristysk-rekreatyf aksjeplan, it oanlizzen fan Meinga mei sportfoarsjenningsen sa is der grif noch wol mear op te neamen. Fansels, der wiene noch saken te regeljen bygelyks op it mêd fan it wolwêzen, de bejaarden, dy't eins mear hawwe soene as de takende f 30.000,00 en ek mei de sport moast noch ta saken kaam wurden. We hiene tocht dat dit it ôfrûne jier syn beslach ha soe. Dat dat net bard is, spyt üs tige. Al mei al tochten we ridlik ütfiering jün te hawwen oan de plan nen sa as dy foarleine in 1990. NOTUL.DEC/H/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 3