De foarsitter seit dat it kolleezje der fansels alle belang by hat dat de Stichting Aldereinwurk goed funksjonearje kin. It kolleezje fynt it net ferstannich en hat der grutte muoite mei de leges oan te passen om sawol technyske as ekonomyske redenen. It kolleezje hechtet oan de miening fan de ried dat der in konvenant mei de Stichting Aldereinwurk ôfsluten wurde moat. Utgongspunt dat it kolleezje dêrby hantearje wol binne de sifers sa't dy yn'e begrutting steane. Hy tinkt dat der sa foldwaande romte is yn petear te gean. De hear Renia freget wat der barre sil as bliken docht dat it konvenant djoerder wurdt. Hoe wurdt dat dan dutsen. De foarsitter seit dat de sifers yn'e begrutting de ynset binne. Tagelyk hechtet it kolleezje oan it goed funksjonearjen fan de stichting. It giet him lykwols te fier no al f 30.000,00 mear te neamen De hear Breeuwsma freget hokfoar kriteria it kolleezje hantearje sil by it ôfsluten fan it konvenant. Mei hyltiten in bytsje min der komme jo ommers fansels wol op in bedrach út. Syn fraksje fynt dat it kolleezje earst dy f 30.000,00 jaan moat en dan troch neier ûndersyk besjen moat wat der úteinlik útkomt. De foarsitter seit dat der yn'e it earste fearnsjier fan 1994 in stik op tafel komt oan de hân wêrfan de ried it belied fêsts- telle kin. De ynset is düdlik, al seit it kolleezje no wol net as "IJzeren Hein" de ûnderhannelingen yn te wollen. Moat der mear barre dan dat no fêststiet dan sil it kolleezje dêrneffens hannelje. De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 17.45 oere. Hy werie- pent de gearkomste om 17.50 oere. De hear Renia seit dat syn fraksje fêsthâldt oan syn útstel: belied fêststelle, konvenant ôfslute, maksimaal f 30.000,00 te dekken út de bouleges. De hear Bouma seit dat syn fraksje achter it kolleezje stiet. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie het voorstel van de P.v.d.A. steunt. De hear Van der Baan seit dat it útstel fan syn fraksje fierder giet. Hy wol de totale post fan f 85.000,00 hanthavenje sadat ek de waarmiel-foarsjenning en de wentuskenfoarsjenning bestean bliuwe kinne mei de troch syn fraksje neamde dekking. Wethâlder De Boer seit dat dejingen dy't de waarm-miel- en wentuskenfoarsjenning net betelje kinne gebrûk meitsje kinne fan'e bysûndere bystân. De foarsitter seit dat earst it bystelde útstel fan it kolleezje yn stimming komt. Dat hâldt yn dat der f 52.000,00 op'e begrut ting foar de Stichting Aldereinwurk stiet en dat dat bedrach it útgongspunt foar de ûnderhannelingen om te kommen ta in kon venant wêze moat. It risseltaat sil weromkomme yn de ried. - 38 - NOTUL.DEC/H/38

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 40