- 39 - Na in persoanlike stimming blykt dit ütstel fersmiten te wêzen mei 11 tsjin 6 stimmen. Foarstimd hawwe de leden Bouma, De Boer, Santema, Nieuwdam, Oosterhof en Aukes. Hjirnei komt in stimming it ütstel fan de fraksje fan de P.v.d.A. dat stipe wurdt troch de fraksje fan it C.D.A. Nei in persoanlike stimming docht bliken dat dit ütstel mei 11 tsjin 6 stimmen oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Bouma, De Boer, Santema, Nieuwdam, Oosterhof en Aukes. As léste komt it ütstel fan de fraksje fan de F.N.P. yn stimming. Nei in persoanlike stimming docht bliken dab dit ütstel fers miten wurdt mei 15 tsjin 2 stimmen. Foarstimd hawwe de leden Van der Baan en L. Veldstra. De foarsitter konstatearret dat mei it oannimmen fan it ütstel fan de P.v.d.A. ek besletten is ta it ferheegjen fan de bouleges mei in bedrach fan f 30.000,00. Hoofdfunctie 7. De hear Ren ia seit mei it nije taryf foar de hüssmoargens in hüshâlding aanst hast f 10,00 de wike kwyt is. Dat is wol skan- dalich djoer. Wêr komt it no krekt fan dat de heffing mei f 100,00 omheech moat, dat soe hy graach witte wolle. Mefrou Veldstra wol graach by de besprekking fan it bedriuwsplan foar de reiniging ek de risseltaten fan it Diftar-projekt belûke. Wethâlder Nieuwdam seit dat hy de ferheging fan't ôffalstof- fenheffing ferklearje kin omt der sprake is fan in heger ton- naazje smoargens. It twadde elemint is de miljeubelesting. To taal komt it kostenplaatsje op sawat 3 miljoen en dat sil mei üs 7000 gesinnen opbrocht wurde moatte. It spyt it kolleezje hiel bot dat de ried dizze sifers foar him krijt. De tariven fan it OLAF foar 1994 binne net heger dan dy in 1993. Hy seit ta dat de risseltaten en de effekten nei de boargers ta fan it Diftar-projekt yn'e ôfdieling besprutsen wurde sille. Hoofdfunctie 8. De hear Van der Baan is fan betinken dat by it kreëarjen fan handikaptenfoarsjennings de handikapten seis belutsen wurde moatte. Dizze gedachte hat hy al ferskate kearen nei foaren brocht. Mar noch hyltiten lizze der opritten ensafuorthinne ferkeard as wurde ferkeard oanlein. Der binne yn oare stéden goe de foarbilden bekind. As de handikapten seis by de plannen belutsen binne kin der pas praten wurde fan in goed en yntegraal belied. Mefrou Veldstra tinkt dat it goed wêze kin dat üs koördinator WVG syn kennis oerdraacht oan oare gemeenten. Dat kin seis noch wat jild opsmite. NOTUL.DEC/H/39

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 41