- 40 - Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie graag wil dat de re serve voor voorzieningen gehandicapten voorlopig een doelreserve blijft tot 1997, zodat het zichtbaar in de begroting blijft. Zij ziet graag dat er voor de uitvoering van het beleid een persoon met veel praktijkervaring wordt aangesteld. Wethâlder Nieuwdam seit dat de WVG wol wat oars is as it gemeen- tlik handikaptenbelied. Yn de WVG giet it benammen om regelingen foar rolstoelferfier en wenfoarsjennings. De koördinator hâldt him dan ek net dwaande mei stoepen ensafuorthinne. Hy tinkt dat yndied it budzjet út de WVG ynsichtlik hâlden wurde moat middels it kreëarjen fan in doelreserve. Wat it fieren fan in hand ikaptenbelied oanbelanget giet it der neffens him fral om dat der wurk mei wurk makke wurde moat. Datoangeande is it kolleezje wol alert. De hear Van der Baan fynt dat der folie mear omtinken wêze moat foar de handikapten. Hy wol graach noch in kear yn'e ôfdieling op dit ünderwerp yngean. Wethâlder Nieuwdam tinkt dat it kolleezje noch in kear prate moat oer in foarm fan partisipaasje fan handikapten bygelyks yn it doarpsbehear as yn de doarpsfernijing. Hoofdfunctie 9. De foarsitter seit dat bliken dien hat dat it antwurd op de fraach oer 913.00 net doocht. Yn it statuut fan de Stichting Wetterrekreaasje stiet yn artikel 26 dat der in notariële akte opmakke wurde moat by opheffing fan de stichting. Dat is oant no ta net bard en fan in feitlike likwidaasje kin dan ek noch gjin sprake wêze. De hear Roorda seit dat syn fraksje neat wizer wurden is fan it antwurd op de fraach oer de prekario-rjochten. It probleem leit der lykwols en hy stelt dêrom út dit yn'e earste ôfdieling te bepraten. Mefrou De Vries seit dat har fraksje dermei ynnommen is dat it ynisjatyfútstel nr. 2 (fûns foar ynsidentele saken) troch it kolleezje oernommen is. De hear Van der Baan seit dat hy wol graach witte wol hoe't de ôfwikkeling fan de Stichting Wetterrekreaasje ferrinne sil. De hear Roorda hat folslein gelyk wat de prekariorjochten oanbelan get. Dêr moat wis it ien en oar foar regele wurde. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje ynstimme kin mei in ferheging fan de o.z.b. fan 1%. Syn fraksje is op dat punt tsjin de begrutting sa't dy der no leit. De o.z.b. heart net de melkko fan de gemeente te wurden. De hear Renia seit dat der al in beslút nommen is oer de boule- ges. Mei dizze f 30.000,00 binne de bouleges kostendekkend. De miljeuleges geane dan net omheech omt der oant 1 jannewaris 1995 wurke wurdt oan de ynhelslach. It is net ridlik no tuskentiids dy miljeuleges te ferheegjen. NOTUL.DEC/9/40

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 42