- 41 - De foarsitter seit dat it kolleezje net fan miening is dat der gjin problematyk is rün de prekariorjochten. It kin net sa wêze dat de prekariorjochten in bydrage leverje oan it slutend mei- tsjen fan de begrutting. Wat jo dermei berikke kinne is in stik regulearingIt kolleezje is wol ree dêr mei de ried oer te pra ten. It kolleezje hat by it füns foar ynsidintele saken sa't de fraksje fan de P.v.d.A. ütsteld hat ek de suggestje fan de fraksje fan de V.V.D. belutsen oer de knyppuntenpot âlderein. Hy hat tasein dat der yn maart/april in útstel fan it kolleezje komme sil. Foar in solide finansjeel belied is it needsaaklik dat de o.z.b. mei 3% ekstra ferhege wurdt. It kolleezje hat gjin ferlet fan in flecht yn allegear keunstmjittige sitewaasjes. In oare mooglikheid as it ekstra ferheegjen mei 3 is der net. Hy soe it tige spitich fine dat de fraksje fan it C.D.A. hjirom tsjin de begrutting stimme sil. De hear Breeuwsma seit dat syn fraksje op de ûnderdielen brânwar Raerd en de ekstra ferheging mei 3 achte wurde wol tsjin de begrutting stimd te hawwen. 2Voorstel tot vaststelling van de begrotingen voor het dienstjaar 1994. De foarsitter konstatearret dat sünder persoanlike stimming de ried de begrutting .foar 1994 fêststeld hat. De fraksje fan it C.D.A. wurdt achte tsjin de ûnderdielen brânwar en de ekstra ferheging fan de o.z.b. stimd te hawwen. 3Voorstel met betrekking tot diverse belastingen en retributies voor het jaar 1994 en de 3e wijziging van de begroting van de algemene dienst. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje tsjin de ferheging van de begraafrjochten is en ek tsjin de ferheging fan de o.z.b. De hear Bouma stelt út it allerleste bedrach fan de 3e begrut- tingswiziging fan de neidiel- nei de foardielkant te bringen sadat de rekkensom kloppet. De foarsitter seit dat it kolleezje net akseptearje kin dat der in gat fan f 240.000,00 ûntstiet yn'e begrutting troch it net ferheegjen fan de o.z.b. Hy freget de hear Van der Baan hoe't dy dat gat tichtmeitsje wol. De hear Van der Baan seit dat dat bedrach besunige wurde moat op it ûnderhâld fan de wegen. De foarsitter seit dat dat ek folslein ûnakseptabel is. De 3e begruttingswiziging wurdt oanpast sa't de hear Bouma ütsteld hat. Sünder persoanlike stimming wurdt der neffens is útstel beslet- ten. De fraksje fan de F.N.P. wurdt achte tsjin de ferheging fan de o.z.b. en de begraafrjochten stimd te hawwen en de fraksje fan it C.D.A. tsjin de extra ferheging fan 3 fan de o.z.b. 3a. Voorstel tot het aanpassen van de huurtarieven voor sportaccommo daties en schoollokalen 1994. Mefrou Sant erna nimt oan dat mei dit útstel ek it ûnderhâldsplan foar de gymsealen meinommen is. Foar de gymseal yn Wergea is it tal punten ûnlykwichtich heech. NOTUL.DEC/H/41

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 43