- 2 - Yn maaie, juny lykwols hearden we dat de begrutting fan 1994 in tekoart fertoande fan 1,2 miljoen en dat der hurdhannich yngre- pen wurde moast. It sil jimme grif gjin nij dwaan, dat it doe in pear wike omrûn ha mei in gefoel fan wylde Wytse nei Redüster Merke. Mar dochs. Earmoedzje helpt net. Fuortrinne kin net. De gemeente stopsette al like min en frikandelkonstruksjes binne allinnich foar hannige jongens. Foar kommend jier moatte de lésten spitigernôch mear as trend- mjittich omheech -foar guon saken lykas de smoargens seis skan- dalich omheech- en dêrneist sil der ek noch besunige wurde moatte. Hoe is dat sa kaam? Yn haadlinen. a. Yn it foarste plak sieten der losse einen yn it be st joersplan. Mei de priiskompinsaasje wie gjin rekken hélden. Men tocht oan kompinsaasje troch it ryk, mar dat tocht krekt oarsom. Fierders moast der sjoen de nije wet- jouwing oer ferantwurdlikens dochs noch in pear ton by de diken en moast ek de mearútjefte foar de gebouwen noch struktureel makke wurde. Utstel om it op termyn te heljen ut'e ferleging fan de apparaatskosten koe net mear. b. Yn it twadde plak kamen we oan te sitten mei it grûnbed- riuw. Troch de resésje rûn it minder flot mei Biensma as tocht, (de ütjefte fan bedriuwterreinen is yn Fryslân yn 1992 mei 40% tebek rûn). Troch dyselde delgeande ekonomy sille we ek mear bystânsjild reservearje moatte foar de wurkleazens c. Yn it tredde plak kearde it ryk mar wer ris f 360.000,00 minder út. Foar in part ek noch omdat we sa'n rike gemeente binne, wit je wol? Allinnich dizze posten al soene in ferheging fan de ûnreplik- saak-belêsting freegje fan 30%. Dat dat mei 6% ophâldt betsjut tagelyk dat der besunige wurde moat. Alwer besunige! Dat hat in hile kwalike kant, foarsitter. Op ryksnivo is men -terjocht- dwaande de ryksbegrutting, dy't begjin 80-er jierren in tekoart fertoande fan 10%, op oarder te bringen. It hat in gygantyske ynspanning koste om te kommen ta de 3,75% wêrmei Kok dit boekjier ôfslút. En in protte besunigings! Mar tagelyk is der in beweging geande om lânlik de belestings hyltyd nei ünderen te bringen. Dat is in beweging, dy't brede stipe kriget fan aldejinge dy't oan de goe de kant fan de streek sitte. Fan de minsken dy't wurk hawwe dus. Dêr oerhinne komt noch dat men hyltyd mear taken fan it ryk oerdraacht nei de gemeenten. Dat is demokratysker, seit men. De gemeente sit ommers tichter by de boargers. Men leit der dan fuort ek minder jild by, want in gemeente kin foardieliger, seit men. Al wer besunigje en dat sil dan ek wol de trochslachjaande reden wêze. Minder jild op alle nivo's, mar wol mear wurk foar de gemeenten. Der is in groep, dy't hjirmei ferskriklik yn de swierrichheden komt. Dat binne de minsken oan de oare kant fan de streek. De minsken, dy't ôfhinklik binne fan in útkearing. Koarting op ryksnivo en gemeenten dy't te min jild ha om dit op te fangen. NOTUL.DEC/H/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 4