Mefrou Santema wol graach yn'e ôfdieling ris prate oer de toer istebelesting dy't miskien ek foar de asylsikers jilde moatte soe. Sy fynt ek dat der wol wat j ild nei de skoallen gean moat, omt der ek it ien en oar foar bern fan asylsikers dien wurdt. De hear Veldstra tinkt dat it tanimmen fan it tal asylsikers komt trochdat it rike westen te min omtinken hat foar de rest fan'e wrâld. Spitigernôch nimt de diskusje oer de persoan fan de asylsiker ta, wylst it fral de omstannichheden binne dy't meitsje dat minsken op'e flecht slaan. Opkommend nasjonalisme makket gebrûk fan dy gedachten mei kreten as "eigen folk earst"Syn fraksje kin ynstimme mei it útstel, al is it spitich dat it ütstel net yn'e ôfdieling west hat. Wethâlder De Boer seit dat it wurk foar asylsikers dochs jild kostet. De fraach fan Vluchtelingenwerk is dan ek seker terjochte. It ministearje is fan betinken dat dizze asylsikers allerearst ferlet hawwe fan rêst. It giet der Vluchtelingenwerk fral om de ferfeling tsjin te gean. Se kin har fine yn wat de hear Veldstra sei oer de oarsaken en de diskusje oer de asylsikers. De foarsitter seit dat de toeristebelesting frege wurdt fan toe risten en net fan oare minsken. Asylsikers binne seker útsûn- dere. Toeristebelesting wurdt ek allinne mar yn it seizoen heven Hy seit dat der noch wolris praten wurde moat oer ütwreiding fan it seizoen. It kolleezje tinkt dêrby oan de útspraak fan de rjochter fan 2 wike lyn. Mefrou Santema wol ek net sizze dat der perfoarst fan asylsikers toeristebelesting frege wurde moat. Se hat it in gebrek fûn dat der noch net ien op de gedachte kaam is om ris oer ütwreiding fan de toeristebelesting te praten. Seker no't der in ütspraak fan'e rjochter leit. In stil doarp, sa't Grou by't winter is, is in woldied foar minsken dy't út it oarlochsgeweld en de haat weiflechte binne. De foarsitter seit dat it kolleezje de wurden fan mefrou Santema as stipe fan syn ütstel sjocht. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 9. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet groot f 9.000,00 ten behoeve van inning bruggeld Meineslootsbrug. De hear Roorda seit dat syn fraksje gjin beswier hat tsjin it ferbouwen fan it brêgewachtershokje. Wol is hy ûngerêst oer it feit dat der wachtgelegenheid foar boaten üntbrekt. Dit om't der nautyske problemen binne. Sawol de AWS as de provinsje hawwe dit probleem yn it omtinken brocht. De Meinesleatsbrêge leit hiel ûngelokkich sawol wat streaming as ünoersichtlikheid oanbelan- get. Op hokfoar termyn tinkt it kolleezje foarsjen te kinnen yn de breanedige wachtgelegenheid. Hy freget oft it kolleezje ek wit hoefier de provinsje yntusken is mei it foarnimmen om it brêgejild óf te skaffen. 7 - NOTUL18.JAN/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 51