De hear Van der Baan is der noch oer fernuvere dat de wethâlder net op'e hichte is fan it brief fan 31 desimber 1993 fan'e provinsje. Dêrüt docht bliken dat in tal bewenners fan'e Koarte Miente harren beswier hanthavenje. Dat is wat oars as yn it ütstel stiet. It draaipunt yn it ütstel is dat de beswieren ôfhannele wiene. Dat blykt dus no net sa te wezen. Syn fraksje kin net ynstimme mei dit ütstel fan it kolleezje. Mevrouw Van den Berg zegt dat het om een brief van de provinsje aan het college gaat. Dat die brief kennelijk niet bij het colle ge is terechtgekomen een probleem van het college. Zij vindt dat er door het college onzorgvuldige informatie wordt gegeven. Het besluit over de garantstelling lag ook pas gisteren bij de stuk ken. Het college weet net zo goed als haar fractie dat de waarde van dit soort gebouwen zeer incourant is. Het lijkt haar fractie het beste dat dit voorstel wordt teruggenomen. De hear Renia seit dat de oanbelangjenden no al sa lang wachtsje. Syn fraksje fynt dat it no trochgean moat. Yn it brief fan de provinsje, léste sin, stiet dat de beswieren ûngrûne binne. Wat net weinimt dat hy fynt dat it kolleezje mei de beswiermakkers prate moat. Mefrou Sant erna seit dat har fraksje it hielendal mei de hear Renia iens is. Der is neffens har foldwaande ynspraak west. Se wol graach yn it beslüt opnommen hawwe hoe't it krekt mei de eigendom fan it gebou sit. Har fraksje giet akkoart mei it ütstel. Wethâlder Nieuwdam seit dat it kolleezje net it ütstel werom- nimt. It brief fan de provinsje giet oer de planologyske ynfol- ling. Yn ferbân dêrmei binne de beswieren net grûne ferklearre. Oant hjoed ta binne alle beswieren ynlutsen, de provinsje giet akkoart mei de finansjele opset en mei de hichte fan de garant stelling, der stiet aanst in gebou mei in wearde fan in heal miljoen, hat it kolleezje gjin muoite. Alles oereidzjende fynt hy dat it kolleezje mei in goed ütstel komt. Hy is it mei de hear Renia en mefrou Santema iens dat der no wat barre moat. It brief fan hjoed sil troch it kolleezje tige soarchfâldich behan- nele wurde. De foarsitter stelt fêst dat der oer dit ütstel op in wize pra ten is dy't folie better thüsheart yn'e ôfdieling. Hy stelt ek fêst dat der oer in elemint fan it ütstel praten is dy't in fruchtber oerlis mei it kolleezje hast net mooglik makket omt in part fan de ried yn it besit is fan in brief dy't kennelik net by it kolleezje bekind is. Konstruktyf oerlis hâldt yn dat hjir op in oare manier mei omgien wurdt. It kolleezje besiket iepen te wêzen. Hy konstatearret dat dy iepenheid by in part fan de ried net oanwêzich is. Hy betreuret dizze wize fan diskus- siearjen. Mevrouw Van den Berg interrumpeert dat haar fractie pas tijdens deze vergadering heeft ontdekt dat de brief van de provincie niet ingeboekt is. - 10 - N0TUL18.JAN/H/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 53