- 9 - Mefrou Santema is der bliid mei dat it besiüt fan 15 junv 1993 ynlutsen wurdt. Har grutste beswier is ek dat der noch neat bard is. Har fraksje giet akkoart mei it ütstel. Wethâlder Nieuwdam seit dat it besiüt fan ferline jier weroer- wugen wurde moast omt de tasizzings fan guon fûnsen net hurd wiene. Mei de Stichting is besocht in nije oplossing te finen. It gebou sil ta beskikking fan de Stichting steld wurde. It ekstra dat derby sit is dat de gemeente garant stiet foar in liening fan f 280.000,00. It kolleezje fynt it ferantwurde, yn relaasje ta de wearde fan it gebou, dizze liening te garanderar- jen. Der is him neat bekind fan de ynhâld fan mooglike nije bes wieren. Op de ynspraakjun yn Akkrum is wiidweidich op de saak yngien. Oangeande de parkearproblematyk binne dêr echte oplossin gen oandrugen. Der komt in werynrjochting fap de Koarte Miente en op it terrein fan Multifak sille parkearhaventsjes oanlein wurde. Ynhâldlik kin hy neat sizze oer de nije beswieren dy't kennelik binnenkaam binne. Hy fynt dat dizze beswieren de ried net wjerhâlde moatte no in besiüt te nimmen. De hear Van der Baan is fernuvere dat de wethâlder net wit fan'e beswieren. It brief fan'e provinsje fan 31 desimber 1993 leit net by de stikken. Hy fynt dat in minne saak. De aktuele sitewaasje is folslein yn tsjinspraak mei wat yn it ütstel skreaun is. Dêrom trunet hy der op oan it ütstel wèrom te nimmen, sadat earst de problemen mei de omwenjenden oplost wurde kinne. Der stiet ek net yn it ütstel dat it gebou nei de Stichting oergiet. De hear Ren ia wie fan betinken dat de problemen echt oplost wiene. De fraach is no wat der barre moat. Opnij ütstel? Hy is dêr net foar. Der moat besocht wurde de beswieren dy't der no wer binnenkaam binne op te lossen. Mevrouw Van den Berg zegt dat de provincie inderdaad op 31 decem ber heeft laten weten dat er nog steeds een aantal bezwaren zijn. De wethouder kon dat dus weten. Haar fractie vindt dat eerst de bezwaren opgelost moeten worden en vraagt het college daarom het voorstel terug te nemen. In het besluit over de geld lening staat dat de Stichting geen kapitaalverplichtingen aan mag gaan zonder schriftelijke toestemming van het college. Als er straks een ton te weinig is kan dat met het mandaat dat het college dan heeft geregeld worden. De foarsitter slüt de gearkomste tydlik om 22.25 oere. Hy weriepent de gearkomste om 22.50 oere. Wethâlder Nieuwdam seit dat de saak him taspitst hat op beswie ren dy't der hjoed binnenkaam binne. Oant hjoed ta wiene de beswieren ynlutsen. Fan de nije beswieren dy't hjoed ynkommen binne nimt hy kennis, hy wol dy ek best opnij bes jen, mar dy beswieren kinne net fan ynfloed wêze op de beslütfoarming. De provinsje hâldt him net dwaande mei beswieren fan omwenjenden. De provinsje beoardielet de saak op finansjele grunen. Der is in bou- en in miljeufergunning ôfjûn. It giet dus yn dit ütstel allinne noch mar om de finansjele saken. It gebou wurdt dan oerdrugen oan de Stichting, de gemeente jout dêrby it jild dat al earder beskikber steld is en de gemeente stiet garant foar in jildliening fan f 280.000,00. De provinsje kin ynstimme mei dizze konstruksje. NOTUL18.JAN/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 54