- 3 - Op dit stuit binne der yn ús lân 1 miljoen húshâldens, dy't rûnkomme moatte fan in ütkearing op bystânsnivo. Dat betsjut goed 120 gûne húshâldjild yn'e wike. Mei bern faak ek noch!!! (NIBUD)Stel je dat ris foar!! En sjoch oan de oare kant ris nei al de weelde dy't ús lân ek noch hat. Gean by't simmer mar ris oan'e mar sitten. Dit alles betsjut in heilleaze twadieling fan üs maatskippijDy komt net, dy is der al! It betsjut in taname fan de kriminaliteit, de apaty, it "se sykje it mar üt" de flecht nei ündemokratyske groepearringsin ferloedering, in üntbining fan de maatskippij En no moat we wer in fear litte. Dizze minsken moatte wer in fear litte. En se ha gjin fearren mear foarsitter. As kâlde klomske kikkerts op'e froskepôle sit se te sjen, wêr't de folgjende slach folie sil. Wa't der fan de pôle reage wurdt. De maatskippij wurdt saakliker, seit men. Hy wurdt ünminskliker, tink ik. It is elk foar himsels. En om it gewisse del te bêdzjen, betinkt men dan dat it eigen skuld is as men üt'e boat fait. Men is krimineel, men lichtet op, men is lui, men wol net. Sûnder wy-gefoel sil it net gean, tink ik. Mar dêr allinne bin je der fansels net mei. Us ynset hat altyd west in goed foarsjenningsnivo foar elk. In goede wenomjouwing, feiligens, tagonklikheid fan in breed skala oan foarsjennings; fan skoallen oant wurkleazensoarch, fan jongerenwurk oan't soarch foar de minsken mei de smelle beurs. Foar de foarsjennings -en der binne de léste jierren ek noch by kaam: berne-opfang, ûnderdak foar it sosjaal kultureel wurk yn Akkrum, sportfoarsjennings foar dy foarsjennings wie üs ütgongs- punt, dat se foar elk tagonklik wêze moasten. Dat woene we berikke mei algemiene subsidiearring. Dat kin net mear. De boarger, dy't kin moat seis mear betelje. We binne twongen om in goed minimabelied op poaten te setten. Oant ferline jier tochten we it net echt nedich te hawwen; no sizze we: "It moat der komme, sa gau mooglik". Der falie minsken fan de pôle. Mar it ferheegjen fan de eigen bydrage blykt al net mear genôch te wêzen. Der moat mear seis dien wurde troch de brûkers fan de foarsjen nings of der moatte foarsjennings ferdwine. Aardich? Nee, perfoarst net, mar ik soe net witte hoe't oars moat Ik soe sizze, mei elkoar de skouders derûnder, sûnder ûnderskied om te hélden wat we hawwe -ja, dochs- en om foar te kommen dat guon alhiel net mear mei komme kinne. It freget oan de iene kant kostendekkend meitsjen fan direkte gemeentlike tsj instferliening, it freget oan de oare kant in goed minimabelied. NOTUL.DEC/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 5