It freget oan de iene kant mear ütbesteegjen fan ütfierend wurk troch de gemeente en oan de oare kant mear ynset -faak noch mear ynset- fan de minsken seis. It freget ek in nije ferhâlding tusken gemeente en ferienings, federaasjes of stiftingen. Der sil op basis fan budzjetten mei in düdlike ôfspraak oer elks taak en ferantwurdlikens wurke wurde moatte. It freget om kon- venanten of hoe dat ek hite mei. Is dêr sicht op? My tinkt fan wol. Om te begjinnen yn de ûnderhâldssfear. Op dit stuit ha har al trije doarpen fcijwillich oanmeldt foar doarpsbehearDoarpen, dy't sizze: gemeente, wy binne ree om mei jim ta in ôfspraak te kommen oer it ûnderhâld fan üs iepenbiere romte. De âldereinstifting hat düdlik te kennen jün ta in ôfspraak komme te wollen. Wy fine dat sa posityf, dat wy der yn mei gean wolle. Wy binne ree om it budzjet fan ôfrûne jier wer ta beskikking te stellen. Fan gemeentekant sil de ynbring -neist it jild- wêze dat, wat de gemeente wol yn de âldereinsoarch. Dat is fêstlein yn de gemeentlike bejaardennota. Dy moat sa gau mooglik fan kracht wurde. Noch foar it ein fan dizze riedsperioade moat it konvenant sluten wurde. Op dy foarwaarden geane wy akkoart. De dekking fine we yn it ynstappen kostendekkend meitsjen fan de leges foar bou- en miljeufergunningsTe begjinnen mei in stap fan f 30.000,00 dus. Mei de sport is in begeanber tiidspaad ütsetten. Wy hoopje dat der einlik in goede sportnota opsteld wurdt. Foar it sosjaal kultureel wurk tinkt it kolleezje no ek oan in werstrukturearring fan de jilden. Soks op basis fan in düdlike kar. Wy fan ús kant soene benammen wize wolle op it pjuttewurk, de korpsen, it jongereinwurk en de wurkpleats. De jongeren- wurker is fan de list helle, wy tinke dat er der yn e takomst wer op moat. Foar toaniel, koaren en de amateuristyske keunstütoefening tinke we oan in stimulearringsfünsOer it âldereinbarren moat praat wurde. Wêr bring ik it ûnder. Wat de bibliotheek oanbelanget, hiene wy yn prinsipe de foarkar foar it stânhâlden fan de sprieding fan de foarsjen- nings. Wy tinke dat hjir noch ris goed oer praat wurde moat. Dêr is noch wat tiid foar. Foar de muzykskoalle en it Foarwurk tinke wy, dat der in goede line ütset is troch der óf te bliuwen. Foar de berne-opfang kinne we üs fine yn de line fan it kolleezje. As men ütgiet fan 3 dielnimmende groepearrings kin men it net litte by twa. Rjochting it ûnderwiis binne we bliid dat de jildferdieling no ferrinne sil neffens de londo-normearring. Yn 1990 al hiene we der om frege. Ek it feit dat by de ynfiering fan it selsbehear de learmiddels en it ûnderhâldsfûns op nivo binne docht üs deugd. - 4 - NOTUL.DEC/H/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 6