- 5 - Nei de brânwâr fan Raerd kin ik inkeld mar üs eksküses oanbiede foar üs te optimistyske lûden fan in pear jier lyn. It is frekte sneu om safolle ynset sa leanje te moatten. Sjoen ek de ünderlizzende regiorapporten liket it üs ta dat elke aks je om de saak yn stân te hâlden wer op in teloar- stelling ütrinne sil. Wy ha leard. Wy wolle sa ünfatsoenlik net wer wêze. We komme der aanst op werom. Fierders binne we fan miening, dat der neist it rampenfüns, dat de algemiene reserve is, in fûns komme moat dêr't ienmalige ütjeften yn de sfear fan ynvestearrings üt dien wurde kinne. Te tinken fait bygelyks oan it oprjochtsen fan in doarps- hûs. We soene dit füns folje wolle troch net langer rinte op reserves automatysk by te skriuwen, mar te folstean, dêr wêr it giet om doelütkearring, mei it byskriuwen fan it ynflaasjesifer of fan de priisferheging, sa't dy dêrfan ôfwykt. It ferskil tusken de rinte en dit sifer kin stoar- ten wurde yn dit füns. Om in bettere behearsking fan de middels fan de gemeente troch de ried mooglik te meitsjen tinke we dat der in oare ynrjochting fan de gemeente finânsjen komme moat. We ha it der yn 1988 oer hân. It is de saneamde BBI-konstruksje. In ütstel giet hjirby. Sa pas ha ik wiist op de twadieling dy't yn üs maatskippij oan de oarder is. Neist solidariteit fan de minsken dy it wol barre mei, sil in oplossing yn strukturele sin komme moatte fan wurk, wurk en nochris wurk. Neist de geweldige mearwaarde dy't saken as de werynrjoch- ting fan Terherne, fan Jirnsum, fan De Burd fan it miskien omlizzen fan it PM-kanaal, fan parten fan de Blauwe Zone plannen, fan de oanlis fan de RW-32 en wat we dêr oan fêst heakje kinne, neist de mearwaarde dy't dy plannen hawwe yn romtlik strukturele sin, bringe se ek wurk. Mei somtiden in minimum oan gemeentlike ynbring -sjoch dêrom ek üs foarstel oer dat füns hjirboppe- kin men gewel dige jildstreamen losmeitsje. En dus foar wurk soargje. Mei -lit ik dat wol sizze- fansels üt eigen ideeën as ynwenners fan dizze gemeente by it ynrjochtsjen fan de romte. In wurkgelegenheidsfûns sa as it kolleezje ütstelt hat dan ek üs ynstemming. Hoewol op ünderdielen üs dizze begrutting swier fait stemme we mei de makke kanttekens dochs yn. It sil wol moatte! Noch ien opmerking. Guon fan üs swierrichheden binne as men fierder sjocht as de lânsgrins net te fergelykjen mei swierrichheden, dy't oare minsken op de wrâld, ja seis yn üs eigen Europa hawwe. Us kommisje V. en S. hâldt net op üs der op te wizen. Terjochte. De aksje fan sneon wie slagge: "Beskerming en tekkens foar Bosnië". Aanst oan't ein fan dizze dei gean wei mei elkoar oant miel. Lit üs dizze kear seis ris betelje en dan it jild jaan oan dizze aksje. Dan litte we it net inkeld by moaie wurden. As léste myn tank oan de ynset fan it gemeentepersoniel. It is net maklik om yn dizze gemeente te arbeidzjen, benammen no net no't de hiele boel op'e nij opsetten wurdt. Fan it kolleezje as deistich bestjoer freegje ik dêrby minsklikens ek as it ris ferkeard giet. Want ambtlik hanneljen fait altyd noch ûnder bestjoerlike ferantwurdlikensEn sa heart it. NOTUL.DEC/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 7