- 6 - Oant ein haw ik it checklistke fan ferline jier opsocht. Der stiene op winsken oangeande it minimabelied, it folkshüsfes- tings- en it wurkgelegenheidsplan, it toeristysk-rekreatyf aksjeplan, plannen foar nije ferhâldings mei ferienings en stiftingen, in sportnotysje en in kulturele notysje. Alles behal ve sport- en kulturele notysje stiet op priemmen as is al ütwurke Bygeand de ütstellen fan syn fraksje oangeande de âldereinsoarch it füns foar ienmalige middels, de BBI en Bosnië, Ynisjatyf-dtstellen by algemiene skôgings. 1. Belieds- en behearsynstrumintarium. Yn oerwaging nimmend: dat de stjoerende en kontrolearjende taken fan de gemeenteried fersterke wurde moatte; dat der dúdlike ófspraken komme moatte oer foech en ferantwurdlikheden (delegaasje en mandaatpatroanen) fan ried, boargemaster en wethâlders en organisaasje; dat it reorganisearre amtlike apparaat, boargemaster en wethâlders en de ried ta binnen oan in nije wurkwize: stelle wy út yn de kommende 3 jier ta te wurkjen nei in belieds- en behearsyn strumintarium, dat it demokratysk gehalte fan it bestjoer fer- sterket, de effektiviteit en kwaliteit fan it gemeentlik han- neljen ferbettert en der oan bydraacht dat der ünder oaren troch dúdlike ôfspraken in goed wurkklimaat üntstiet. Wy tinke dêrby oan: 1. in begrutting dy't mear as no rjochte is op de resultaten dy't wy as gemeente berikke wolle en de produkten dy't dêrfoar nedich binne op basis fan budgettearing; 2. in perspektyfnota (mearjierrich finansjeel trochsicht) yn'e maaitiid; 3. bestjoersopdrachten, wêrby't de ried yn't foar oanjout hokker beliedsplan of projekt oanpakt wurde moat, wat it opsmite moat en ünder hokker betingsten; 4. healjierrapportaazjes mei relevante ynformaasje, sadat op'e tiid saken bystjoerd wurde kinne of de planning oanpast wurde kin; 5. in jierrekkening dy't ek yn ien eachopslach ynsicht jout yn de prestaasjes. Doel. Us doel is dat der úteinlik in situaasje ünstiet wêrby't de ried him benammen dwaande hâlde kin mei de politike fragen wêrom der wat barre moat en wat der dan barre moat; boargemaster en wet- hâlders en de organisaasje kinne harren ferfolgens benammen dwaande hâlde mei dat wat der moat en hoe't soks sa effesjint mooglik kin. De ried stjoert dan op haadlinen en de organisaasje is ferantwurdlik foar de útfiering. Oer dy útfiering wurde saaklike ófspraken mei taakstellende budzjetten makke. Mei help fan de rapportaazjes wurdt de ried ynformearre oer de stân fan saken en wurdt in ünnedige papierwinkel en siferbrij tefoaren kommen NOTUL.DEC/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 8