Net mear reagearje, mar foarútsjen. Gefolch is dat mei sa'n nij ynstrumintarium de ried by steat is yn't foar saken te bepalen en net allinnich mar reagearje kin, sa't no meastentiids it gefal is. Op dy wize wurdt it demokratyske gehalte fan it bestjoer ferster- ke Mienskiplik projekt fan bestjoer en organisaasje. Wy fine dat yn in perioade fan 3 jier dizze omslach yn'e wurk- wize stap foar stap realisearre wurde moat. Wy freegje it kolleezje dit proses as in meinskiplik projekt fan bestjoer en organisaasje op gong te bringen en projektopset oan üs foar te lizzen. IIFûns foar ynsidentele saken. Oanslutend by üs earste ütstel binne wy fan miening dat de ried safolle mooglik stjoering hawwe moat út de algemiene middels wei. Soks hâldt yn dat it tal fünsen en reserves sa beheind mooglik wêze moat. No't de finansjele romte hiel krap is yn de kommende jierren wolle wy dat der -in budzjet makke wurdt foar knyppunten en ynsidintele ütjeftes, dat rjochtstreeks troch de ried befloede wurde kin. Wy tinke dêrby oan ekstra ienmalige ympulsen (byge- lyks sportfjilden, doarpshuzen, sosjaal-kultureel wurk) Sa'n fûns kin fied wurde út: a. in werskikking fan fünsen en reserves; b. it takennen fan priiskompinsaasje by fünsen dêr't soks needsaaklik is en it stoarten fan de saneamde besparre rinte yn boppeneamd budzjet. III. Alderein. Mei alle organisaasjes fan útfierend wurk yn ús gemeente moatte ôfspraken makke wurde oer wat wy as gemeente fine dat dy or ganisaasje dwaan moatte en it budzjet dat dêrby heart. Foar it âldereinwurk betsjut dit dat de gemeentlike âldereinnota sa gau mooglik fêststeld wurde moat en dat op basis fan dy nota yn jannewaris/febrewaris in konvenant mei de Stichting Alderein sletten wurde moat. Dat freget in feroaring op de foarstelde begrutting wêryn't in koarting fan f 30.000,00 opnommen is. Wy wolle dy koarting opfange troch de bou- en miljeuleezjes stadichoan kostendekkend te meitsjen. In earste stap yn dy rjochting sil f 30.000,00 opsmite moatte. De hear Bouma seit: Foarsitter, It kealle wer swier. It presintearen fan in begrutting is ien mar in begrutting dy't ek finansjeel slút, is punt twa! Dat is slutend meitsjen it kolleezje net maklik óf gie wie düdlik. Ferskate wiken gienen der mei hinne om it ien en oare ré te krijen. De no foar üs lizzende begrutting slút en dermei is it ek sein. - 7 - NOTUL.DEC/H/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 9