- 6 - De foarsitter seit dat de ried by de begrutting in beslút nommen hat oer it ien kear meanen fan de barmen. Der is wol ôfpraten dat takom simmer besjoen wurde sil oft it sa wer moat. It kol- leezje is der bliid mei dat de ried sa posityf is oer de beton- diken. Fansels sil yn'e gaten hâlden wurde hoe't de diken harren hâlde as it glêd wurdt. De brêge yn'e Reinerswei is net yn it bedrach meinommen. Hy seit ta dat der goed nei de finansiering fan it ûnderhâld fan de dyk Akkrum-Snitserhoeke sjoen wurde sil. Yn de earste ôfdieling komt it kolleezje dêr op werom. Oft it fûns der al as net mear is, it giet jûn om de kar. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 10Voorstel voor het beschikbaar stellen van een krediet ten behoe ve van de automatisering van de brug over de Rjochte Grou. "De hear Bouma seit dat der al faak oer dizze brêge praten is. Der waard dan ek wol sprutsen oer "de brug der zuchten". Der is al earder praten oer automatisearing fan de brêge mar de ried wie doe tinkt hy "in brêge te fier". Uteinlik komt it kolleezje no mei dit ütstel. Hy is dêr tige mei ynnommen. It ütstel kin ús seis wat jild opsmite. Hy freget oft it stikje kwetsbere technyk wol 10 jier mei kin. Dit yn ferbân mei de ôfskriuwing" De hear Van der Baan seit dat by de oanlis fan de brêge yn earste ynstânsje automatisearring net koe. De brêge moast doe 3.50 m heech wurde. No moat it wer oars omt de achterlizzende lju dat graach wolle. Net mear dan logyske dat dy dan ek mei- betelje. Frjemd fynt hy ek dat automatisearing no wol kin. Hoe sit it dan eins mei de advisearring nei it kolleezje ta? Ommers, automatisearing fûn ek 2 jier lyn al plak. Dan de hichte fan it bedrach. Moat it echt sa dj oer? Der leit by de stikken mar ien offerte. Hy sjocht dat graach oars en lit mear lju ynskriuwe. Syn fraksje is it net mei it beskikber stellen fan dit kredyt iens. Tsjin de automatisearing op himsels sil hy him net fer- sette. De hear Veldstra seit dat it in miste kâns is dat it bedriuwslib- ben gjin bydrage jout oan dizze automatisearing. Der hie ûnder- hannele wurden kinnen op it moment dat de tsjinstferliening ynkrompen waard. Syn fraksje hat soarch oer de feilichheid. Nef- fens him kin de feilichheid ferbettere wurde troch it ynfieren fan in paskessysteem.Syn ütstel is ek dat der in abonnemint troch it brûken fan paskes as kaaien as soksawat, ynsteld wurdt. Hjirmei wurdt berikt dat de brûkers ek in bydrage betelje en it tsjinnet de feilichheid. Syn fraksje ferset him net mear tsjin de automatisearing. Hy fynt dat der fan mear bedriuwen offertes frege wurde moatte. Is dat ek bard? Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie zeer positief staat tegenover dit voorstel. Positief ook voor het bedrijfsleven dat hierdoor ruimere mogelijkheden krijgt. Het is wel jammer dat, hoewel de techniek vast niet zoveel veranderd is, nu automatise ring wel kan terwijl het 2 jaar geleden niet mogelijk bleek. Dat automatisering toen niet kon was één van de redenen dat de brug zo hoog moest. N0T15FEB.94/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 10