- 8 - Benammen omt de mienskip wol frege wurdt in behoarlik bedrach foar dizze brêge út te lûken. Omt de brêge oanlein is sa't it bedriuwslibben graach woe fynt hy it net ûnridlik om no ek it bedriuwslibben te freegjen om in bydrage yn'e kosten. Hy freget om oerlis mei it bedriuwslibben om ta in ridlike oplossing te kommen. As der troch it kolleezje tasein wurdt dat der opnij sjoen wurde sil nei de kosten en de útkomst in behoarlik leger bedrach wêze sil dan kin syn fraksje akkoart gean mei it útstel. De hear Breeuwsma freget oft der ek neitocht is oer de mooglik- heid dat de gebrûkers f 1,00 as f 2,50 yn in automaat goaie wêrnei de brêge iepengiet. De hear Veldstra seit dat syn fraksje en it kolleezje it iens binne oer it aspekt fan de feilichheid. Hy freget lykas de hear Breeuwsma omtinken foar in systeem wêrby der betelle wurdt. Hy freget om in ûnderbrekking fan de gearkomste foar oerlis yn de fraksje. De foarsitter seit dat garânsje op de kwaliteit wichtich is. De earste ôfdieling sil skriftlik ynformearre wurde oer de priiss- telling. As it goedkeaper kin, dan moat dat fansels mar wol mei deselde kwaliteit. It kolleezje betwifelt lykwols oft it mooglik is deselde kwaliteit foar in legere priis te krijen. Hy kin net sizze om hoefolle trochfearten it giet. Hy seit wol ta dat dêr ynkoarten oer praten wurde sil. Der is yndertiid mei sin in bedriuwsterrein dellein wêrop op it wetter rjochte bedriuwen in plak fine kinne. It kin dan net sa wêze dat de brêge hast net iepen giet. Der is in paradoksale sitewaasje üntstien wêr in ein oan komme moat. De knoop moat no trochhakt wurde om in bettere en mear frekwinte betsjinning fan'e brêge mooglik te meitsjen. Dit útstel is in konsekwinsje fan de wil fan de gemeenteried om dêr in bedriuwsterrein del te lizzen en it is dêrom net billik fan in bedriuwslibben in bydrage te freegjen. In automaat sa as bedoeld troch de hear Breeuwmsa is wol oer praten. Mar it die bliken dat it net mooglik wie om in deeglike, foldwaande feilige sitewaasje te kreëarjen. It kolleezje wiist dy suggestje dêrom fane hân Hy slút tydlik de gearkomste om 21.30 oere foar oerlis. Hy weriepent de gearkomste om 21.40 oere. De hear Renia seit dat syn fraksje akkoart giet mei it útstel. Hy foarsjocht lykwols dochs misbrûk en ûnfeilige sitewaasjes. As dat dizze simmer ek echt bliken docht dan wol hy fan it kol leezje de tasizzing dat der opnij nei dizze sitewaas je en nei oare technyske mooglikheden sjoen wurde sil. De foarsitter seit dat it kolleezje tinkt dat it wol goed komt mei dit systeem. De leden fan'e earste ôfdieling krije ynfor- maasje oer de finansjele sitewaasje. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 11. Voorstel tot uitvoeren van de Individuele Traject Bemiddeling. De heer Koot denkt dat ITB een heel goed systeem kan zijn om klantgerichte hulp te geven, ook in de huidige slechte marktsitu atie. N0T15ÎEB.94/H/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 12