- 9 - .pa De doelgroep is nog niet bepaald. Misschien is het een idee een gerichte mailing te doen naar mensen die voor de ITB in aan merking komen. Mefrou Santerna fynt it hiel posityf dat de gemeente troch de ITB syn uterste best docht om minsken wer oan it wurk te krijen. Se fynt it spitich dat de doelgroep net bekind is. Oan it ein fan it jier wol sy graach in evaluaasje. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ynstimme kin mei it útstel. Se tinkt lykwols dat it net mooglik is de kosten te dekken út de reserve Maatwurk omt de rinte dêrfan brûkt is foar it slutend meitsjen fan'e begrutting. Datselde jildt ek foar it ferevenings- fûns Wethâlder De Boer seit dat sadree it Arbeidsburo ja seit de doel groep fêststeld wurde sil. Dan pas hat it ek sin in direkte mai ling te dwaan. In algemiene mailing liket har net goed ta omt dan dan miskien ferwachtings wekt wurde dy't net wiermakke wurde kinne. In evaluaasje sil der seker komme. Yn de reserve Maatwurk is foldwaande romte dy't net brûkt is foar it slutend meitsjen fan de begrutting. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 12. Voorstel tot het vaststellen van het budget voor het peuterwerk 1994 naar aanleiding van het initiatiefvoorstel van het C.D.A. Mevrouw Van den Berg zegt dat een aantal fracties het met elkaar eens zijn dat het budget voor de peuterspeelzalen niet verlaagd moet worden maar op f 40.000,00 moet blijven. Zij stelt voor de verhoging te dekken uit algemeen onvoorzien 1994. De hear Bouma seit dat syn fraksje fynt dat der in konsistint belied fierd wurde moat. Dêrom moat it budzjet f 35.000,00 bliuwe. Mefrou Veldstra seit dat yn de begruttingsgearkomste mear as ien kear f 40.000,00 neamd is as budzjet foar it pjuttewurk. De wethâlder hat doe net sein dat it in oar bedrach wêze moast. Har fraksje kin dêrom net ynstimme mei it kolleezje-útstelSy fynt dat de f 5000,00 earst út algemien ûnfoarsjen 1994 helle wurde moat. As it jild fan it fereveningsfûns wer frijkomt kin it dêrmei ferrekkene wurde. De hear Ren ia seit dat der op 14 desimber in budzjet fan f 35.000,00 fêststeld is. Dat kin om him sa bliuwe. De feitlike sitewaasje is beskreaun yn it útstel. De ried is in budzjetfinan- siering oangien foar 3 jier. As it iene jier wat oerbliuwt moat dat opsparre wurde kinne en yn in oar jier brûkt. Wat syn fraksje oangiet hâldt hy fêst oan it budzjet fan f 35.000,00. De federaasje kin fansels dat jild brûke dat sy opsparre hawwe. Dan is der dus foar dit jier f 40.000,00 beskikber. Omt it jild fêstsit yn it fereveningsfûns stelt syn fraksje út it earst út algemien ûnfoarsjoen 1994 te heljen en it letter te ferrek- kenjen. Of mooglik kin ek de f 400,00 rinte út ûnfoarsjoen beskikber steld wurde. Wethâlder Nieuwdam seit dat der yn'e tredde ófdieling in goede diskusje west hat. Yn'e gearkomste fan 14 desimber en yn de NOT15FEB.94/H/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 13