- 2 -
2Ingekomen stukken.
Nummer 8:
Mefrou Veldstra freget oft de wethâlder al prikken yn it wurk
steld hat om te kommen ta in wurkgroep foar beheinden.
Wethâlder Nieuwdam seit ta dat der omtinken is foar de wurkgroep
fan beheinden.
Nummer 12
De hear Bouma fynt it, los fan de goede bedoelingen net op de
wei fan üs gemeente om hjiroan mei te dwaan. De gemeenten dêr
binne seis ferantwurdlik.
Mevrouw Van den Berg vindt het geven van geld een eigen verant
woordelijkheid van de inwoners van onze gemeente.
De foarsitter seit dat it kolleezje dit riedsbeslút fan Enkhuzen
foarlein hat oan'e regio. Ek wat troch de hear Bouma en mefrou
Van den Berg sein is sil meiwûgen wurde yn it ynnimmen fan in
stânpunt. Der sil noch oer it risseltaat yn'e earste ôfdieling
sprutsen wurde.
Nummer 16:
Mefrou Veldstra seit dat it kolleezje neilitten hat it belieds-
plan op'e tiid te besprekken en in stânpunt yn te nimmen. Hjir-
troch is der in vacuum ûntstien mar dat rjochtfeardicht net dat
der dan in rigoreuze besuniging trochfierd wurdt. Har fraksje
fynt dat earst it beliedsplan besprutsen wurde moat foardat it
beswierskrift yn'e Arob-kommisje komt.
Wethâlder Nieuwdam seit dat dit beswierskrift de reguliere wei
heart te gean. Dat stiet lykwols los fan oare aktiviteiten fan
it kolleezje. It kolleezje sil ynkoarten mei de bibleteekkom-
misje prate.
Vervolgens worden de ingekomen stukken voor zover niet anders
vermeld, voor kennisgeving aangenomen.
3Mededelingen.
De foarsitter dielt mei dat Deputearre Steaten ôfrûne wike de
begrutting foar 1994 goedkart hawwe.
Nummer 2
De hear Ren ia seit dat syn fraksje fynt dat de amtners ridlik
reëel binne as se sizze dat sa'n proef mei in komposttoilet op
starten wurde moat. It is ommers ûnmooglik aanst alle panden yn
it bûtengebiet op de riolearing oan te sluten. Syn fraksje fynt
dizze proef in goede saak, boppedat bliuwe de kosten binnen it
budzjet.
Mefrou Santema seit dat der no miskien wol wat gniist wurdt oer
it komposttoilet mar aanst, as de proef wat opsmiten hat, komme
dy gnizers wolris om te sjen hoe't it giet. Dizze kreative
oanpak sprekt har wol oan.
NOT15FEB.94/H/2