- 5 - De walbeskoeiïng by de nije kade leit der net al te geunstich hinne. Der is krekt in nije bestrating kommen en no sitte de gatten der al wer yn. Ek by it twadde part fan'e dyk is de walbeskoeiïng striemin. Mefrou Santerna seit dat der yn'e Master Wybrensdyk tusken Idaerd en Eagum in grut ferfal sit. Se fynt it tige wichtich dat foardat mei it opknappen begûn wurdt de oarsaak fan dat ferfal fûn is sadat it opknappen ek goed barre kin. Dat de diken yn it bûtengebiet yn beton útfierd wurde liket har hiel goed ta. De hear Veldstra seit dat dit ütstel it slotstik is fan in jierrenlange diskusje oer hoe't mei de diken omgien wurde moat. In protte diken, minne ûndergrûn, in bytsje jild en hyltiten mear en swierder ferkear. De kar is no dat der flink ynvestearre wurdt en dat kin omt der jild frijmakke is en de ryksütkearing heger wurden is. Hy seit dat betondiken by glêdens net feiliger binne as asfaltdiken, mar de libbensdoer is wol langer en de ûnderhâldskosten leech. Sjoen alles is it wol in ferantwurde beslissing om de diken yn beton út te fieren. Trochdat der de léste tiid in protte nije ryks- en provinsjediken oanlein binne as wurde kin it measte ferkear dér oerhinne laad wurde. Dat skilt in protte yn'e lést foar de eigen diken. Syn fraksje kin ynstimme mei de wize fan ôfskriuwing fan it nedige kredyt. De foarsitter seit dat it kolleezje de sprekkers betanket foar de positive wurden. Der kin no in echt ferantwurde kar makke wurde. Hokfoar ófspraken der yn it ferline ek mei de steat en as de provinsje makke binne, it kredyt foar de dyk Akkrum-Snitser- hoeke moat op tafel komme. Hy seit ta dat der oangeande de Reinerswei ferantwurde ynvestearre wurde sil. Datselde jildt ek foar de nije kade. Hy seit ta dat oer it twadde part fan it stik dyk, yn ferbân mei it weisakjen fan de ûndergrûn, noch praten wurde sil yn'e earste ôfdieling. It liket him wol goed ta it as programmapunt stean te litten. Hy seit ta dat der ek omtinken wêze sil foar de oarsaak fan it fersakjen fan de dyk Idaerd- Eagum. De hear Veldstra prate oer de strukturele problemen dêr^t ús gemeente mei te krijen hat. Hy hopet dat yn de hjerst fan dit j ier fêststeld wurde kin dat it op in protte plakken better wurden is mei de tastân fan de diken. It is ek goed dat it j ierrenlange gefecht oer de Wet Uitkering Wegen foar ús gemeente geunstich útfallen is. De hear Oosterhof warskôget derfoar dat betondiken samar glêd binne. De hear Van der Baan hat gjin (foldwaande)antwurd krigen op syn fraach oer de brêge yn'e Reinerswei en oer de dyk Akkrum-Snitser- hoeke. By de oername fan dy dyk hat de gemeente in dikke 6 mil joen krigen. Dér is doe likernôch de helte fan resewrvearre foar ûnderhâld. Dan is it wat frjemd dat der no f 60.000,00 op dizze begrutting stiet. De hear Breeuwsma neamt it gelokkich dat der bes letten is ta oanlis fan betondiken. It liket poerbêst mei de betondiken dy't der no al in skoft lizze. It is tige posityf dat it jild út de WUW no ek wier foar de wegen brûkt wurdt. Dat der aanst mar ien kear meand wurde sil neamt hy wol nuodlik yn ferbân mei ûnder oaren de fersprieding fan stikels ensafuorthinne. NOT15FEB94/H/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 9