- 6 - De hear Bouma seit dat der al lang oer de stegers yn Grou praten is. De evaluaasje is der net kommen mar it útstel dat no op ta fel leit mei der wêze. It is spitich dat alle needsaaklike gege vens net op tafel kommen binne. Hy tinkt dat de proef budzjetêr neutraal útfalle kin omt der aanst folie mear stegerjild komme sil. In mobile tillefoan komt tinkt him de klantfreonlikens ten goeden. Minsken kinne sa makliker nei in plak ferwezen wurde dat noch iepen is. De hear Breeuwsma seit dat der altiten sein is dat it oars moat mei de stegers. No kin it dan oars en wat bart der? It giet op krekt deselde foet fierder. Hy stiet oan op privatisearjen as it yn erfpacht útjaan. Wat it kolleezje no útstelt smyt neffens him neat op. De hear Roorda seit dat syn fraksje bliid is mei dit ütstel. Hy sjocht it sa dat dit seizoen brûkt wurde sil om oarder op saken te stellen en om ynsjoch te krijen. Dêrnei kin oerwage wurde wat te dwaan. Syn fraksje sjocht wol noch wat yn "rekreaasjewachten" dy't in rommere taak krije as allinne yn'e haven wurkje. Sy kin ne foar it hiele doarp fan betsjutting wêze. Hy soe graach wolle dat dat ek mei dwaan kin yn de oerwaging oan de ein fan it sei zoen. Syn fraksje hat gjin probleem mei it kredyt foar de skaft wein. Miskien kin der besunige wurde op it bedrach en kin it oerbleaune jild ynsetten wurde foar it hieren fan it lyts boatsje. Syn fraksje fynt dat der ek foar it brûken fan elek- trisiteit betelle wurde moat. De foarsitter seit dat ien ding seker is: de ried is bliid dat der no wat feroaret. Hy seit dat hy yn'e ôfdieling al tasein hat dat der nochris goed nei sjoen wurde sil nei hoe't it krekt moat mei de skaftwein, de mobile tillefoan en it boatsje. Hy fynt it spitich dat dy bedoeling kennelik net goed oerkommen is en dat dêr no sa oer praten wurdt. It giet derom dat de havenmeester oan it wurk is en dat kin sawol mear gasthearskip as mear jild opsmite. It giet om in proef dit jier sadat der mear gegevens boppe tafel komme kinne. It punt fan de privatisearing leit noch folslein iepen, mar earst moat wol alles goed op in rychje setten wurde. Der hie eins, sa as ek de hear Bouma sein hat, in evaluaasje plakfine moatten. Dan hie eltsenien sjen kind wat de haven ús kostet. Hy seit dat der no relatyf sjoen fierstente folie jild oan'e haven bestege wurdt en dêr moet, mei troch it hâlden fan dizze proef feroaring yn komme. Foar it kommende jier is it noch wat dreech om rekréaasjewachten yn te stellen. As der op den doer mooglikheden binne dan moat dêr seker nei sjoen wurde. Ek yn it oerlis mei de plysje wurdt der praten oer it ynstellen fan soksawat as rekréaasjewachten. Miskien is der in mooglikheid al dit jier wat te dwaan. Wat de elektrisiteit oanbelanget wie der ek al oerienstimming yn de ôfdieling. De hear Bouma tinkt dat der noch efkes mei privatisearen wachte wurde moat omt de totale opbringsten no noch net bekind binne. Hy tinkt dat it de muoite wurdich is mei de VVV te ûnderhan- neljen. It feit dat dizze saak no organisatoarysk ûnderbrocht is by ien amtner sprekt him tige oan. De hear Van der Baan begrypt dat dit jier de gegevens fersammele wurde sille. Hy tinkt lykwols dat dy ynventarisaasje wol goed- keaper útfierd wurde kin. Hy wol yn elts gefal noch wol prate as der besluten wurdt de skaftwein en de tillefoan oan te skaffen. NOT15MRT.94/H/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 8