- 3 - Mefrou De Vries seit dat der fanüt de mienskip in protte aks je fierd wurdt. De ried wol der ek alles oan dwaan wat hy kin om dizze sluting foar te kommen. Fandêr dizze moasje. Mevrouw Aukes zegt dat deze motie aansluit bij de fax die haar fractie vandaag naar directie en het bestuur van de RABObank te Leeuwarden heeft gestuurd. De hear Postma seit dat syn fraksje de moasje stipet. Syn fraksje is foarstanner fan in leefber plattelân. It belied fan de RABObank Ljouwert is eins in stek yn'e rêch fan it doarp Warten. It sluten fan de bankfoarsjenning hat grutte konsekwins- jes foar minsken dy't minder mobyl binne en foar de toeristen. Minimaal fynt syn fraksje dat der in ridlik kompromis komme moat om de RABObankfêstiging yn Warten yn stân te hâlden. De foarsitter betanket de ried foar syn stipe en foar it ynis- jatyf ta dizze moasje. It kolleezje is fan doel oer de ynhâld fan de moasje mei de direksje te praten. De ingekomen worden, voor zover niet anders aangegeven of afge sproken, voor kennisgeving aangenomen. 3Mededelingen. Nummer 2 De heer Jonkers zegt dat zijn fractie er vanuitgaat dat aan deze grondprijzen een financiële visie ten grondslag ligt. Hij zou graag willen weten welk beleid in meer brede zin onder de uitgif te van gronden en de acquisitie ligt. Hij pleit er voor dat er meer agressief de markt op wordt gegaan om bedrijven voor Boarnsterhim te winnen. Wethâlder De Boer seit dat der yn'e ôfdieling praat wurde kin oer it belied yn brede sin oangeande akwisysje en grûnpriizen. Nummer 3: De hear Roorda seit dat syn fraksje fynt dat dizze meidieling eins in riedsütstel wêze moatten hie. It giet hjir om in delegaa sje fan foech. Ek it konvenant mei de Stichting Aldereinwurk is yn'e ried behannele. De foarsitter seit dat it konvenant past yn it ramt fan ôfspra- ken dy't der yn'e ried makke binne. It kolleezje bringt de ried troch dizze meidieling op'e hichte. By fersin is de ried net útnoege om by de ündertekening fan it konvenant oanwêzich te wêzen. Dêrfoar syn ekskuses. Hy seit ta dat yn'e ôfdieling noch oer de ynhâld fan it konvenant praten wurde sil. By de evaluaa- sje sil de ried fansels belutsen wurde. De hear Roorda bliuwt derby dat der eins in riedsütstel komme moat. It giet der net om dat der ynhâldlik beswier wêze soe, mar om it feit dat it konvenant mei de Stichting Alderein wol yn'e ried behannele is en dit konvenant net. De foarsitter seit dat ek it kolleezje it konvenant mei de Stich ting Aldereinwurk ôfsluten hat en net de ried. De ried hat it budzjetêre ramt fêststeld. Mei dit konvenant wurdt in part fan it foech fan it kolleezje oerdrûgen oan it doarp Reduzum. N0T17MEI.94/H/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 6