- 11 - Na gehouden stemming blijkt dit voorstel met 12 tegen 4 stemmen te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden De Jager, Van der Meulen, Van den Berg-Wiersma en De Boer. 14a. Voorstel tot delegatie van de toekenning van subsidiegelden Be sluit Woninggebonden Subsidies 1994. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 15. Voorstel tot benoeming van een ambtenaar van de Burgerlijke Stand. Bij acclamatie wordt mevrouw S. Snoek-van der Gaast benoemd als ambtenaar van de burgerlijke stand. 16. Voorstel inzake een gemeentelijke bijdrage in de financiering van een dorpshuis te Idaerd. De hear Zijlstra seit dat in doarpshüs yn Idaerd in winsk fan eltsenien is. No is it sa dat de provinsje f 75.000,00 jaan wol as ek de gemeente dat taseit. Dat betsjut dat der f 15.000,00 fan'e provinsje misrûn wurdt as de gemeente mar f 60.000,00 jout. Syn fraksje stelt dêrom út f 15.000,00 ekstra te jaan út de knyppuntenpot. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje grutte wurdearring hat foar it ynisjatyf fan de lytse mienskip fan Idaerd om ta in doarpshüs te kommen. In doarpshüs is fan grutte betsjutting foar de leefberens fan de lytse kearnen. Yn'e oanrin nei de fer- kiezings is troch alle partijen de klam lein op de leefberens fan de lytse kearnen. Dy winsk kin no omsetten wurde yn dieden. Syn fraksje giet der foar yn'e pleit op koarte termyn belied oangeande de doarpshuzen te formulearjen. Dêryn moat oanjûn wurde op hokker wize der mei ynisjativen omgien wurdt, hoefolie jild der foar útlutsen wurdt en hoe't it ûnderhâld oanpakt wurde moat. Salang dat belied der net is sil elk fersyk ad hoe beoar- diele wurde moatte. De wurde gjin presedinten skepen omt eltse sitewaas je wer oars is. De ynset fan syn fraksje is yn elts gefal de provinsjale subsydzje feilich te stellen. Hy stelt dêrom út f 15.000,00 út de knyppuntenpot ta te foegjen oan de f 60.000,00 dy't it kolleezje al útstelt. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje fral stiet foar de soarch foar de leefberens fan it plattelân. Syn fraksje stipet dan ek it útstel om f 15.000,00 ekstra te jaan as bliken docht dat de útstelde f 60.000,00 net genôch is en dat by dy subsydzje it doarpshüs der net komme kinne soe. De heer Jonkers zegt dat ook zijn fractie voor verhoging van de subsidie is. Zijn fractie hecht ook aan een notitie over het beleid voor de dorpshuizen met bijkomende kosten. Mefrou Santema seit dat har fraksje by f 60.000,00 bliuwe wol. Sy tinkt dat it doarpshús ek by f 60.000,00 noch net fan'e kaart is Wethâlder De Boer betanket de ried foar de positive wurden. De grutte wurdearring foar it ynisjatyf yn Idaerd hat der ta laad dat it kolleezje útstelt f 60.000,00 subsydzje te jaan. It kolleezje fynt dat it by f 60.000,00 bliuwe moat. SHN0T19.JUL/O/H/BROUWERJ/ll

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 13