- 12 - Wol faker wurdt net it bedrach beskikber steld dat de provinsje fereasket om in maksimale subsydzje te jaan. It kolleezje tinkt ek net dat it doarpshüs net trochgean sil as de gemeente f 60.000,00 jout. Oan de ein fan it jier sil besjoen wurde oft der ek in notysje foar de doarpshuzen komme moat. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje akkoart gean kin mei it útstel fan it kolleezje. Mei fernuvering hat hy sjoen hoe't de gearkomste jûn ferrint. It gemak wêrmei finansiering fan guon saken regele wurdt stiet syn fraksje net oan. De knyppuntenpot komt der en fuortendaliks wurdt dêr al wer in protte úthelle. Hy hie leaver dy knyppuntenpot yntegraal besjen wollen. Ek is it frjemd dat twa kolleezjepartijen harren eigen wethâlder ôffalie. Ek oer de oarder fan'e gearkomste soe hy noch graach ris prate wurde. Him tinkt dat ek dat noch folie better kin dan guon partijen jûn sjen litte hawwe. De hear Zij lstra seit dat syn fraksje fynt dat der f 15.000,00 by moat. Hy hanthavenet syn ütstel. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje yn'e ôfdieling oankun- dige hat dat hy fan miening is dat der f 15.000,00 ekstra jûn wurde moatte soe mei dêrby neamd dat der socht wurde soe nei in dekking. Miskien hie it oerlis tusken de fraksjes better wêze kind. As dat sa is dan biedt hy dêrfoar syn ekskuses oan. Syn fraksje lit it kolleezje net falie. De ried sjocht lykwols kâns it al moaie bedrach fan f 60.000,00 te ferheegjen. Oer de knyp puntenpot sil seker fierder meielkoar fan gedachten wiksele wurde moatte. De hear Van der Baan mient dat de foarsitter earder yn in oar ferbân sein hat dat der mooglik noch in oplossing foar de f 15.000,00 fûn wurde kin. Is dy yndruk krekt? Hy stelt út earst te besluten ta in subsydzje fan f 60.000,00 en yn'e ôfdieling te bes jen oft der f 15.000,00 ekstra nedich is of dat der oare mooglikheden binne. Mefrou Santema seit dat har fraksje akkoart giet mei it kol- leezje-útstel. Sy stiet ek oan op in notysje oer it belied oangeande de doarpshuzen. Wethâlder De Boer is it hielendal iens mei de hear Van der Meulen oer de knyppuntenpot. Yn'e ôfdieling sil besjoen wurde oft der in beliedsnotysje komme moat. It kolleezje hanthavenet syn ütstel. De foarsitter seit dat it komsumpsjenivo yn de gemeente te heech is. De beslútfoarming fan jûn is no net direkt in bydrage ta in ferleging fan dat nivo. Hy stelt út te stimmen oer it ütstel fan de hear Zijlstra dien út namme fan de fraksje fan de P.v.d.A. Na gehouden stemming blijkt dit voorstel te zijn verworpen met 9 tegen 7 stemmen. Voor hebben gestemd de leden De Vries, Zijlstra, Van den Berg, Jonkers, Postma, Lolkama en Roorda. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het colle ge-voorstel besloten. SHN0T19.JUL/0/H/BR0UWERJ/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 14