- 14 - Dêrneist freget hy ek hoe't it komt mei de relaasje tusken Foarwurk en de gemeente. Rinne we mei dit útstel net foarút op de diskusje yn de ried oer dy relaasje? Mefrou Veldstra mist op side 26 fan de nota yn punt 5 omtinken foar de Fryske taal. Mefrou Santema freget ek hoe't it komt mei de relaasje tusken Foarwurk en de gemeente. Ek fynt har fraksje dat earst oer it kursuswurk besluten wurde moat. De rest kin dan letter oer pra ten wurde yn'e ôfdieling. De hear Van der Meulen fynt ek dat dizze nota earst yn'e ôf- dieling behannele wurde moatten hie. Hy hat deselde fragen as de hear Van den Berg. Tige wichtich fynt syn fraksje dat der in goede struktuer oan it kursuswurk jün wurdt. Hy hopet dat der letter noch de mooglikheid fan in evaluaasje oer de punten dêr't no in beslút oer nommen wurdt, komt. Wethâlder De Boer is bliid dat de ried it stik út 'e nota oer it kursuswurk behannelje wol. Yn'e ôfdieling sil se yn septimber mear ynformaasje oer de kursussen jaan. It giet foar in part om lânlik fêststelde modulen. Oan Foarwurk is in offerte frege foar dizze kursussen foar dit seizoen 1994-1995. De gemeente giet dus wol ferplichtingen oan mar allinne foar dizze kursussen. It kolleezje hat net tocht oan in kursus Frysk en it liket har ek net ferstannich omt de minsken al tige beset binne. Yn it fak maatskiplike oriëntaasje komt seker it bysûndere fan Fryslân en de Fryske taal oan'e oarder. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming comform het voor stel besloten. 23Voorstel over advies commissie beroep-en bezwaarschriften inzake de Bibliotheek. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje net akkoart gean kin mei it advys fan de kommisje. De ried hat op 20 desimber 1993 in net goed trochtocht beslút nommen hat. Troch de besuniging sil de kwaliteit en de professionaliteit oantaast wurde. De bi- bleteekkommisje komt mei in alternatyf útstel wêryn behâld fan kwaliteit foaropstiet. By de begruttingsbehanneling 1995 sil syn fraksje mei útstellen komme dy't rjocht dogge oan it útstel fan de bibleteekkommisje. Mefrou Veldstra is benijd oft it kolleezje noch wol yn petear is mei de bibleteekkommisje oer de alternative plannen fan dy kommisje. Pas dêrnei wol har fraksje in beslút nimme. Oant dan soe dit kolleezje-útstel weromnommen wurde moatte. Dan kin der eventueel yn septimber in nij ústel komme. De heer Jonkers zegt dat professionele ondersteuning in de bi bliotheken in Grou en Akkrum voor zijn fractie een voorwaarde is. Een bibliotheek bestaat niet alleen uit het uitlenen van boeken. De educatieve waarde van de bibliotheek vindt zijn frac tie minstens even belangrijk. Daarom wil zijn fractie bewerkstel ligen dat er professionele ondersteuning op vaste tijdstippen blijft in Grou en Akkrum. Hij vraagt het college te bekijken hoe er een redelijke verdeling over Akkrum en Grou kan plaatsvinden. SHN0T19.JUL/0/H/BR0UWERJ/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 16