- 16 - De hear Van der Baan seit dat de Alde Feanen sa stadichoan fan stiltegebiet in gebiet wurden is mei folop rekreaasje. Dat wurket in konfrontaasje tusken rekreaasje en natuerbehear yn'e hân. Regulearing sil dus moatte, hoe bot hy ek tsjin regulearing is. Dit behearsplan is goed útwurke. It stekt syn fraksje wol wat dat as it natuergebiet útwreide wurdt de ekonomyske basis fan ús gebiet, it boerebedriuw, ütholle wurdt. It muoit him dat der gjin goed ütwurke idee bestiet foar it behear fan it natuer gebiet. Syn fraksje fynt dat de boeren ynskeakele wurde moatte foar behear en tafersjoch. Hy freget wat it gehiel de gemeente kostje sil. Wat kostet bygelyks de amtlik siktaris. Hy stelt út om benammen der nei te stribjen dat de ferbining Folkertsleat - Holstmar wer iepensteld wurdt. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje wurdearring hat foar dit plan, dat in goede basis is foar it lykwicht tusken natuer en rekreaasje. Syn fraksje liket it goed ta dat de stjoergroep nochris sjocht nei de aspekten kontrole en tafersjoch. Hy is it iens mei de hear Postma dat kontrole in taak fan de plysje is mar dan wol sûnder bykommende kosten. Oer dit punt moat wol op koarte termyn dúdlikheid komme. Ek foarljochting is fan grut belang. Syn yndruk is dat dy taak wat iensidich by it Fryske Gea dellein wurdt wylst ek VW/Wettersportferienings dat goed dwaan kinne. Bliid is hy dat it besikerssintrum mooglik noch yn Warten komme kin. Syn fraksje freget wol omtinken foar de wurkdruk yn de organisaasje as it wurk fan it sekretariaat yn ús organisaasje dien wurde moat. Syn fraksje kin no ynstimme mei de omfang fan it oerlisplatform. Ek syn fraksje wachtet op de evaluaasj e. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie vindt dat er meer oude vaar wegen opnieuw geopend zouden moeten worden. Zij vraagt het colle ge daar alert op te zijn. In de afdeling heeft zij aandacht ge vraagd voor het instellen van landschapswachten als aanvulling op de taken van de regionale politie. Zij vraagt het college dit in de stuurgroep naar voren te brengen. Mefrou De Vries seit dat ek foar har fraksje it wer iepenjen fan âlde farwegen in nijsgjirrich elemint yn it behearsplan is. Sy kin ynstimme mei de wizige gearstalling fan it platform, lykas mei de finansiering. De foarsitter betanket de ried foar syn positive réaksjes. It kolleezje hat as útgongspunt foar dit beharsplan de hjoed- deistige sitewaasje keazen. Der kinne bést winsken wêze om âlde farwegen te weriepenjen mar dy winsken moatte gjin betingst wêze. Temear omt der ynhâldlik besjoen troch de natuerbeskerming- sorganisaasjes al sa'n foarse stap makke is. It kolleezje fynt dat tafersjoch en kontrole yn it foarste plak in plysjetaak is. Yn'e ôfdieling wurdt weromkaam op de ófrin fan it petear hjiroer yn de stjoergroep. Dit behearsplan hat relaasjes mei it bestim- mingsplan bûtengebiet en it toeristysk rekreatyf ûntwikkelings- plan. Nettemin is it goed dat dit behearsplan der no leit om as praktysk ynstrumint ta te passen. It gebiet sil net minder tagonklik makke wurde. It gebiet De Alde Feanen hat útdruklik ek in funksje foar de rekreaasje. It ûnderhâld is in probleem, ek foar It Fryske Gea. De kosten binne heech. It Fryske Gea wol wol oer alternatyf ûnderhâld prate. SHN0T19.JUL/0/H/BR0UWERJ/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 18