- 4 - De foarsitter betanket de ried foar de wurdearjende wurden yn'e rjochting fan de amtlike organisaasje. It kolleezje slút him dêr fan herten by oan. It kolleezje dielt de miening fan de hear De Jager oangeande de wentebou. It kolleezje fynt ek dat noch mear dan oant no ta it gefal, is de rekken brûkt wurde moat as stjoe- ringsynstrumintDe opmerking fan de hear Postma oer de hichte fan de belestingen is wichtich omt dy in sinjaal fanüt de ried is dat it plafond yn sicht is. It dilemma lykwols is dat der sa'n protte winsken binne dy't ek betelle wurde moatte. De tafoeging fan de winst fan de CAI oan de algemiene reserve is in fuortsetting fan de line fan de léste jierren. By de diskusje oer de mooglike ferkeap fan de CAI kin der besj oen wurde hoe't it dan moat. As der mear risiko's bekind west wiene dat wiene se neamd. It kolleezje ferwachtet lykwols noch wol wat op grûn fan it feit dat it regear net safolle goeds yn it foarütsjoch stelt as it giet om de spesifike útkearings. Mooglikerwiis binne der ek yn de eigen organisaasje noch ôffallers. Dêrom moat der hiel foarsichtich mei it besteegjen fan jild omgien wurde. It kol leezje seit ta dat by de fertaling fan it kolleezjewurkprogram omtinken jûn wurde sil oan it opstellen fan in beliedsfisy oangeande it grûnbedriuw. It kolleezje is bliid mei de útstellen fan de accountant. De ried hat earder in heldere útspraak dien oer it wurkjen mei in produktbegrutting. It kolleezje fynt ek de BBI tige wichtich en tinkt oan de ein fan it jier te kommen mei útstellen om ôfspraken tusken ried en kolleezje te meitsjen. Dêrfoar is wierskynlik wol in djipgeand wurkoerlis mei de ried nedich. It kolleezje fynt dat de knyppuntenpot der komme moat. Mar hy kin net meigean mei it útstel fan de hear Van den Berg omt de reserveposysje fan de gemeente hiel swak is. Oer de stén fan saken oangeande it saldo fan 1994 sil yn'e ôfdieling AZW praten wurde. De hear Van der Baan is ferûntrêst oer it feit dat it kolleezje de CAI ferkeapje wol. Syn fraksje kin der net sûnder mear mei akkoart gean. De hear Van den Berg hanthavenet syn ütstel om f 80.000,00 fan de winst fan de CAI yn de knyppuntenpot te stopjen. De heer Postma zegt dat zijn fractie wel wat voelt voor het toe voegen van de winst van de CAI aan de "knyppuntenpot" zeker daar waar het mogelijk is met dit geld ander geld te genereren. Zijn fractie vindt inderdaad dat de grenzen fan de belastingdruk be reikt zijn. Mefrou De Vries fynt dat der by de begruttingsbehanneling oer de lestedruk praten wurde moat. Dat der yn in wurkoerlis praten wurdt oer de ynfolling fan it riedsprogram liket har in hiel goede saak ta. Har fraksje kin wol meigean mei it ütstel fan de hear Van den Berg. De foarsitter slüt de gearkomst tydlik foar oerlis om 22.05 oere. Hy weriepent de gearkomste om 22.15 oere. De foarsitter seit dat der noch net ta ferkeap fan de CAI beslet ten is. De ried sil dêr in ütspraak oer dwaan moatte. It is ek om dy reden te ier om no al reserves te bestimmen. SHNOT19JUL/O/H/BROUWERJ4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 6