- 8 - It kolleezje nimt alternative oplossings fanselssprekkend mei en dy wurde dan besjoen tsjin de achtergrûn fan de folkssünens, it miljeu en de finansjele posysje fan de gemeente. Gearwurking mei ryk en provinsje foar in mienskiplike oanpak soe goed wêze omt faak gemeentlike wetters yn iepen ferbining steane mei ryks, provinsjaal as partikulier wetter. It kolleezje fynt net dat de skaal fan de problemen de finansjele mooglikheden fan üs gemeen te te boppen gean. Fansels moat der oerlis wêze mei provinsje en ryk om sa mooglik finansjele ynjekties te krijen mar de gemeente moat wol seis bestjoerlik en finansjeel by steat wêze en regelje de eigen saken op in goede wize. Op it punt fan sawol bagger jen as riolearing wurdt al bot temporisearre. As dien wie wat winsk- lik wie dat wie it oerskot op de rekken minder grut west. Utstel kin fansels gjin ôfstel wurde, fral net omt üs gemeente foar in part bestiet fan it wetter. Wat de dekking oanbelanget makket it kolleezje de ried der op attint dat de algemiene reserve fan'e gemeente mar beheind is. Der binne ek foarskriften oan de ünder- grins fan'e reserve ferbün. It kolleezje fynt, ek sjoen wat der allegear noch oan stiet te kommen, dat de algemiene reserve net fierder oantaast wurde moat. De iennichste mooglikheid is de post "ünfoarsjoen" mar ek dêr jildt: wês foarsichtich want der komt in protte op üs óf. De heer Jonkers vraagt zich af of de provincie Friesland wel in de gaten heeft welk gigantisch probleem er aan de hand is. Hij denkt zelfs dat het probleem zo groot is dat de landelijke over heid er aan te pas moet komen. Mefrou De Vries seit dat har fraksje fynt dat de post "ünfoar sjoen" better is dan dekking üt de knyppuntenpot. De foarsitter seit dat der in grutte ferantwurdlikheid leit by de behearder fan de farwegen en dat is de gemeente ek. Der moat besocht wurde sicht te krijen op de grutte fan it probleem en dat mei dat ferhaal yn de hân stipe socht wurde kin foar in stik finansiering by provinsje, ryk as oare gemeenten. Mar ek de Marrekrite en de provinsje baggerje in tal wetters. De site waas je foar üs gemeente moat dan ek net te somber sketst wurde. De provinsje hat in foech op it mêd fan it goedkarren fan it brüken fan de saldireserve. In foarse oantaasting fan de al gemiene reserve is perfoarst net ferstannich. Wethouder Smittenberg zegt dat er aan een rioleringsplan wordt gewerkt. Het fonds voor de rioleringen is 3 ton groot. Een verho ging van de rioolrechten zal er dus wel van komen. Hij staat niet achter de meerderheid van het college als het gaat om de "knyppuntenpot" te gebruiken voor de dekking. De foarsitter slüt tydlik de gearkomste om 21.50 oere foar oerlis yn it kolleezje. De foarsitter weriepent de gearkomste om 22.00 oere. Hy seit dat der yn it kolleezje krekt fêststeld is dat de ófstimming op elkoar fan de ferskate mieningen net foldwaande west hat. De stânpunten, in mearderheid- en in minderheidsstânpunt binne fierders neffens him wol düdlik.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 10