- 9 - Mefrou De Vries tinkt dat der noch in misferstân is oer de dek king. Har fraksje is fan betinken dat de knyppuntenpot net brûkt wurde moat. Dizze knyppuntenpot is foar in hiel oar doel yn it libben roppen. Sy wol by de begrutting oer it generaal bes jen hoe't mei de fünsen en reserves omgien wurde moat. Mevrouw Aukes sluit zich bij deze woorden aan. De hear Van der Baan seit dat der yn twa ynstânsjes oer it ütstel praten is. Pas nei de diskusje komt de wethâlder mei syn stânpunt nei foaren. Dizze gong fan saken is frjemd en jout betizing. Hy stelt dêrom út dat it kolleezje it ütstel weromnimt. De foarsitter seit dat it kolleezje unanym fan betinken is dat der in sûne finansjele húshâlding komme moat. As de ried in oare dekking wol as de knyppuntenpot dan kin, sa fynt de mearderheid fan it kolleezje, de post "ûnfoarsjoen" better brûkt wurde foar saken as doarpshuzen ensafuorthinne. It kolleezje freget de ried mei him mei te dwaan. Yn dizze sitewaasje kin it net sa wêze dat de algemiene reserve foar sa'n grut bedrach oantaast wurdt wylst der in fûns fan f 80.000,00 blokkearre is. Wethouder Smittenberg vraagt de raad excuses voor de communica tiestoornis die binnen het college is opgetreden. Hij onder schrijft wel het standpunt van het college over de reserves. De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean. Hy konstateaarret dat in tal leden in stimferklearring ôflizze wol. Mefrou De Vries seit dat har fraksje net akkoart giet mei de dekking fan f 80.000,00 út de knyppuntenpot. In brede diskusje oer knyppuntenpot en reserves wol sy graach hâlde by de behan- neling fan de begrutting. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie deze mening deelt. Het be drag zou volgens haar uit de algemene reserve of de post onvoor zien moeten komen. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje, sjoen de ûndúdlikheid dy't der ûntstien is trochdat de wethâlder no mei in minderheids- stânpunt komt wylst it ütstel al tsien dagen by de ried bekind is, net oan'e stimming dielnimme wol. De leden Van der Baan en Veldstra verlaten hierop de raadzaal. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje him oanslút by de fraksjes fan de P.v.d.A en de V.V.D. De foarsitter seit dat der earst oer it amindemint fan mefrou De Vries stimd wurde sil. Dat amindemint hâldt yn dat de f 80.000,00 net út de knyppuntenpot helle wurdt mar foarearst dat te heljen út de algemiene reserves. Na gehouden stemming blijkt dit amendement met 11 tegen 4 stem men te zijn aangenomen. Tegen hebben gestemd de leden Van der Meulen, De Jager, De Boer en Van den Berg-Wiersma. Het aangepaste voorstel van het college wordt vervolgens zonder hoofdelijke stemming aangenomen. N0T20SEP94/0/H/HAINJEA/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 11