- 4 - De hear Zijlstra seit dat syn fraksje wiis is mei dit ütstel. Hy stipet it dat ek. De f 15.000,00 soe lykwols út de knyppuntenpot komme moatte. De hear Van den Berg seit dat syn fraksje sympatyk foar in doarpshús yn Idaerd oer stiet. Oangeande de dekking makket hy lykwols in foarbehâld omt hy net wit hoe grut de reserve foar it mienskipssintrum is. Hy fynt it spitich dat de hear Van der Baan de foarige gearkomste net syn kâns grepen hat. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie, net als de vorige keer, dekking wil vinden in de "knyppuntenpot". De foarsitter seit dat der yn de reserve "gemeenschapscentrum Grou" noch f 38.000,00 zit. Wethouder Smittenberg zegt dat de discussie zich toespitst op de financiering. Het college vindt en blijft vinden dat het niet verantwoord is het bedrag te verhogen. De foarsitter seit dat der yn it kolleezje praten wurdt oer de begrutting fan takom jier. Ek de reserves komme dêrby oan bar. Der sil minder útjûn wurde moatte om de begrutting slutend te krijen. Allinne om finansjele redenen wiist it kolleezje dêrom it fersyk fan Idaerd óf. It kolleezje wol de reserve "gemeen schapscentrum Grou" op in oare wize bestimme. Ek in dekking út de knyppuntenpot wurdt ófwezen. De hear Van der Baan seit dat hy krekt motivearre hat wêrom hy de foarige kear net en no al f 15.000,00 ekstra foar it doarps- hús bestimme wol. It is spitich dat de hear Van den Berg net goed harke hat. Syn fraksje hie beswier tsjin de dekking út de knyppuntenpot en komt dêrom mei in oare dekking. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje fynt dat it kol leezje mei f 60.000,00 al in hiele stap dien, dêr moat it dan ek by bliuwe al hoe sympatyk it fersyk fan Idaerd ek is. Der sil aanst by it slutend meitsjen fan de begrutting wolris djip snien wurde moatte yn besteande saken en dat wittende moat jo der goed by stilstean wat der no útjûn wurdt. De hear Van den Berg fynt dat de dekking fûn wurde moat yn de knyppuntenpot Mefrou De Vries seit dat har fraksje ek fynt dat de knyppunten pot de krekte post is foar ditsoarte fan ynvestearingsSy wol by de begruttingsbehanneling graach yngean op wat der ûnder oaren mei de reserve "gemeenschapscentrum Grou" barre moat. De foarsitter seit dat it kolleezje it gefoel hat dat de finan sjele problematyk ünderskatten wurdt. Der is in tekoart fan 7 ton op de primitive begrutting. It is dan alhiel net oan'e oarder de konsumptive bestegingen te ferheegjen. As it de ried earnst is wat te dwaan om de finansjele húshâlding fan de gemeen te sûn te meitsjen dan is it perfoarst net in goede saak dit útstel fan de hear Van der Baan te stypjen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 6