- 7 - Het gevaar van verontreinigd baggerslib is levensgroot aanwezig. Hij vraagt het college of de grootte van de zojuist geschetste problemen wel in beeld is. Zo nee, hoe krijgen we dat in beeld. Zo ja, hoe gaat de gemeente dit aanpakken. Hoe verhoudt ons pro bleem zich tot problemen in andere gemeenten. Hij vraagt of de gemeente deze problemen niet op provinciaal of zelfs landelijk niveau aan de orde moet stellen en om centraal gestuurde oplos singen vragen. De hear Van der Baan fynt yn it foarste plak dat de gemeente leare moatte soe fan dizze kwestje. Hy fynt dat der yn de begrut- ting tenei in post opromjen fersmoarge grûn opnommen wurde moat. Dêrnjonken is der ek noch it probleem fan de rioeloerstoart. Is it bekind by it kolleezje hoefolle rioeloerstoarten der binne? Foar de takomst is it wol saak dat te witten. Foardat de wurken begjinne soe yn elts gefal de grûn bemeunstere wurde moatte. Hy freget hokker mooglikheden der tapast wurde sille om ûnwinske sitewaasjes te kearen. As mooglike foarriedige oplossing jout hy it temporisearjen fan de oanpak oan omt de gemeente net alles yn ien kear betelje kin. De hear De Jager tinkt dat in mooglike oplossing is in nije riolearing te lizzen neist de besteande. Kreatyf tinke om oplos singen te finen is in goede saak. Hy fielt der wol foar ekstra te reservearen as dat mooglik is. De hear Van den Berg seit dat it hjir giet om in grut probleem. It is dan ek saak de problematyk yn kaart te bringen om sa sicht te krijen op hokker finansjele klaims der mooglik yn'e takomst oankomme. Hy freget it kolleezje yn FVG-ferbân te besjen oft dit probleem ek mienskiplik mei oare gemeenten by it ryk op it aljemint brocht wurde kin. Syn fraksje hat ek beswier tsjin it brûken fan de knyppuntenpot. Hy siket is mear yn temporisearjen sa as de hear Van der Baan ek al oanjün hat. Hy freget yn hoefier it mooglik is de finansiering op te lossen binnen it fûns riolearingen as de reserves dy't der op dat punt binne. Mefrou De Vries seit dat har fraksje ek graach witte wol wat der yn VFG-ferbân oan dizze problematyk dien wurde kin. In ynskat- ting fan risiko's dy't wy noch rinne soe sy by de begrutting meinimme wolle. Ek har fraksje hat problemen mei de dekking fan f 80.000,00 út de knyppuntenpot. De algemiene reserve liket har fraksje de oanwezen post om dit út te dekken. De foarsitter seit dat it kolleezje it fyn fynt te witten dat de problematyk fan de fersmoarge grûn ek de soarch fan de ried is. It kolleezje frege him al óf hoe't der in baggerplan makke wurde kin. Dat allinne kostet nammentlik al in pear ton. En dan moat alles noch betelle wurde wat der út dat baggerplan nei foaren komt. Mar dochs moatte we yn byld krije hoe't de site- waasje yn ús gemeente der hinne leit. It kolleezje hat de pro blematyk fan it bagger jen yn it stedsgewest bepraten. It gear- wurkjen mei oare gemeenten is miskien in part fan de oplossing. De riolearing jout ek in part fan de problemen. De technyske steat fan de riolearing is sa dat der op plakken yngrepen wurde moat. It kin net mear sa wêze earne de riolearing der út te heljen sûnder de konsekwinsjes dêrfan te kinnen. NOT20SEP94/0/H/HAINJEA/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1994 | | pagina 9