- 11 -
Als daarop wethouder De Boer deze woorden in het college uitspreekt,
maar daarnaast aangeeft vertrouwen te hebben in de intentie van het
college, barst tot verbazing van haar fractie de bom. En haar fractie
bleekt de klomp. Want wat is er anders dan de meerderheid van de raad
tot nu toe wilde. Dit alles overziende geeft haar fractie geen aanlei
ding om wethouder De Boer weg te sturen. Haar fractie doet een klem
mend beroep op de voorzitter van het college om alsnog te trachten
deze zaak te relativeren om zo te bewerkstelligen dat de breuk die
C.D.A. en D66 dreigen te veroorzaken wordt voorkomen. Het is geen
collegecrisis waard, er zijn meer dingen in deze gemeente die belang
rijker zijn om door te komen. Niemand is bij een crisis gebaat, het
college niet en de gemeente Boarnsterhim niet.
De hear Van der Meulen fynt de beskuldiging fan de fraksje fan de
V.v.D. oangeande de rol fan de boargemaster hiel swier.
De ried waard direkt nei de beëdiging mei de saak fan de beide
amtners konfrontearre. Ek syn fraksje hat in miening^ oer de gong fan
saken. Dat dy miening net earder nei bûten brocht is hat te krijen
mei de Ófspraak dy't de ried makke hat. De ried en it kolleezje soene
iepening fan saken jaan en ferantwurding óflizze neidat de saak op
lost wie. It kolleezje en ek syn fraksje ferbrekt it swijen. Yn e
parse komt eltse kear mar wer in lyts partsje nei bûten, op basis
wêrfan minsken harren miening foarmje. Spitigernôch is it byld ûnt-
stien dat it kolleezje net syn bést die ta in oplossing te kommen.
Dat is in minne saak. Eltsenien, dy't de stikken ynsjoen hat, wit
ommers dat dat oars is. It kolleezje wie altiten út op in oplossing.
Syn fraksje hat fanôf it begjin oan it kolleezje frege der sa_gau as
mooglik út te kommen en derby it ynformele paad net te mij en. De
ynspanningen op dat mêd hawwe noch net ta in oplossing laad. Om der
út te kommen binne twa partijen nedich. En oare partijen binne
blykber noch net oan'e oplossing fan it kolleezje ta en syn fraksje
respektearret dat. Syn fraksje fielt der neat foar fan alle kanten
ôfstân te nimmen fan it belied fan it kolleezje en de ried fanof
april lêstlyn. Ek as de oplossing langer op him wachtsje lit jout dat
gj in pas
Hy sil no oanjaan wat der de léste trije wiken bart is. Op 30 desim-
ber binne de partijen op útnoeging fan de hear Van der Baan byelkoar
west. Dér waard besletten dat der ynformeel oerlis mei de boargemas
ter plakfine moast en dat de parse net ynformearre wurde soe. Moandei
woene de P.v.d.A. en oaren allinne mar mei de boargemaster prate en
net mei it kolleezje. It petear gie net troch. It kolleezje fûn it
nedich de kolleezjepartijen útlis te jaan oer de f 50.000,00 skea-
klaim. De P.v.d.A. hie dér gjin ferlet fan. Syn fraksje fün it frjemd
dat de fraksje fan de P.v.d.A. net iepen en earlik oer dizze saak
prate woe. Ferline wike tongersdei kaam it berjocht dat de P.v.d.A.
ree wie om te praten. Wat die bliken: men wie net ree om te praten
mar lei de oaren in tal stellingen foar, dy't ünderskreaun wurde
moasten sadat de fraksje fan de P.v.d.A. dêrmei nei har achterban op
de ledegearkomste fan 11 jannewaris koe. De stellingen weken finaal
óf fan it oant dan ta fierde kolleezjebelied. Neffens syn fraksje wie
de oplossing doe fierder fuort as ea. Wethâlder De Boer stie folslem
achter dy stellingen. Doe is sein dat it goed wie dat wethâlder De
Boer in oar stânpunt yn nimme soe. Dat koe net. Doe bruts der by syn
fraksje wat. Der waard ôfpraten net nei de parse te gean. Syn fraksje
en dy fan D66 hawwe doe de fraksjes fan Gemeentebe- langen en F.N.P.
frege wat sy fan'e sjochwize fan de P.v.d.A. fûnen.
NOT12JAN95/0/H/WESTERHR/11