- 14 - Op 14 septimber wie der wer in besletten riedsgearkomste. Doe lei der in ütspraak fan'e bestjoersrjochter. It kolleezje wie doe ree om in oare opstelling te kiezen. Der is doe ek noch praat oer al as net berop oantekenjen. Der wie doe in mearderheid foar it berop oanteken- jen. Sûnt 14 septimber is de saak net wer yn'e ried west. Fansels waard der yn it kolleezje faak oer de saak praten. Foar syn fraksje stie noch oerein dat mei de beide amtners socht wurde moast nei in akseptabele oplossing foar sawol amtner as gemeente. Yn it kolleezje wie men mear en mear ree om lâns ynformele wei ta in oplossing te kommen. Foar syn fraksje wie it dan ek net nedich de moasje op 14 novimber te stypjen omt it kolleezje al oanjûn hie by in negative ütspraak fan'e rjochter te stopjen mei de proseduere. In oerstallige moasje dy't foar de saak gjin wearde hie mar publisitêr guon partijen wol goed ütkaam. It kolleezje hat it stopjen fan'e proseduere skrift- lik meidield oan' e ried. Op 23 desimber kaam it berjocht fan'e skeaklaim yn'e krante. Fan it beslüt fan it kolleezje wie hy net op 'e hichte. Flak dêrop kaam de ütnoeging fan de hear Van der Baan om as fraksjes hjiroer te praten. Yn oerlis mei P.v.d.A. en C.D.A. is op dat fersyk yngien. Syn ynset wie om de saak út de politike sfear te heljen. It petear ferrûn yn in goede sfear. Der soe in petear mei de boargemaster oanfrege wurde. Om allerlei redenen is dat petear net trochgien. Achterôf konstatearre is dat hiel spitich, mear dan spitich. Nei de nijjierssit soe der in petear plakfine. De P.v.d.A. wie lykwols net ree om te praten en liet in folslein ûntheistere wethâlder De Boer achter. De reden dat it petear net trochtgie is him net bekind. Op tongersdei 5 jannewaris die bliken dat de kaarten wer oars leinen. Jûns wie der in petear mei it hiele kolleezje. Wat foar syn fraksje in petear wurde moast dêr't in oplossing út komme soe dêr wie gjin romte foar. De sitewaasje, sa die bliken, lei al hielendal fêst. Op dat momint hat hy in tal saken ynkringend oan'e oarder steld: de rol fan de P.v.d.A. yn it proses, de rol fan dy fraksje en de rol fan de wethâlder. Der is praten oer it feit dat der nea rjocht- streekse bemiddelingspogingen dien binne, sjoen de spilposysje fan de P.v.d.A. Hy hat ek frege wêrom de P.v.d.A. nea besocht hat de rûs fan'e line te heljen en wêrom op dit stuit der en publyk in omswaai makke is wylst bliken die dat we op de wei sieten dêr't we hinne moasten. Nammentlik in oplossing lâns minnelike wei sûnder pro- sedueres. Der is frege wêrom der in bestjoerlike krisis komt wylst net ien dat wol. Wêrom mocht wethâlder De Boer net har eigen posysje fêsthâlde, wêrom wie dêr gjin respekt foar. Ut'e antwurden dêrop koe hy net oars konstatearje dan dat de fraksje dwaande wie net in oplos sing fan'e saak te forsearjen mar dat men inkeld dwaande wie it politike libben fan'e P.v.d.A.-fraksje feilich te stellen. Want 11 jannewaris stie foar de doar. Oer de oplossing fan'e saak is jûn noch net praten. Der is allinne oer slappe knibbels praten. Fan'e P.v.d.A.? Fan it kolleezje? Fan'e ried as fan fraksjes dy't yn'e foarige ried ferantwurdlik wiene? We sitte no yn in sitewaasje dêr't guon minsken yn klaime dat sy de saak de goede kant út krije kinne. De publisiteit is op harren hân en D66 wurdt betitele as in bange partij sûnder moed. As hy de saak dêr mei tsjinnet wol hy dat etiket wol hawwe. Hy hat net yn it iepenbier sinjalen as kommentaar ôfjûn omt dat dat de saak net tsjinne. De gemeente Boarnsterhim wurdt yn dizze sitewaasje eins net mear foar fol oansjoen en it betrouwen fan'e boargers yn' e polityk hat op 'e nij in knau krigen. Hy fielt him ek persoanlik ferlitten trochdat it oprjochte betrouwen der net mear is om meielkoar in oplossing te sykjen. Mar boppeal: we sitte yn in sitewaasje dêr't de problemen yn'e gemeente en mei de beide amtners net oplost binne. N0T12JAN.95/0/H/WESTERHR/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 18