- 9 - Sy fynt it in goede saak dat de gemeente f 1,00 de ynwenner jout. Se is der dan ek wiis mei dat by de begruttingsgearkomste de post ûnfoarsjoen ophege is, krekt foar ditsoarte fan útsûnder- like sitewaasjes. De hear Postma fynt dat de befolking fan Boarnsterhim in grut komplimint fertsjinnet foar de grutte ynset foar dizze aksje. Hy konstatearret dat de aks je in grut sukses wurden is. Hy hat wol fragen oer de rol fan de gemeente yn ditsoarte fan aksjes. Sjoen de grutte sanearing yn de wolwêzenssektor en de minne finansjele posysje fan de gemeente moat der hiel goed in ôfwaging makke wurde oan de hân fan in tal beliedsútgongspunten. De foarsitter seit dat it kolleezje him oanslút by de komplimin- ten dy't de ried makke oangeande alle minsken dy't tige aktyf west hawwe foar dizze aksje. It kolleezje hat sein, op in fraach fan it aksjekomité, in bydrage te jaan. Dat hat te krijen mei de solidariteit mei it rivierengebiet. It is boppedat goed dat de gemeente witte lit dizze aksje te stypjen. f 1,00 de ynwenner is in protte jild mar it jout wol utering oan de gefoelens fan soli dariteit. Hy fynt it tige oandwaanlik dat guon riedsleden de warskôging om goed op de sinten te passen sa goed oppakt hawwe dat se seis dit útstel net folgje wolle. Nettsjinsteande dat ropt hy dochs de ried op dizze aksje te stypjen en in rojaal bedrach te jaan yn dizze tige útsûnderlike sitewaasje. Mevrouw Aukes zegt dat voor haar fractie de vraag is waar de grens van de gemeentelijke steun aan deze aktie is. Je kunt in derdaad de menselijke gevoelens de overhand laten krijgen, zoals het college kennelijk doet. De raad zal echter aan de huishoude lijke portemonnaie moeten denken. Gelukkig hebben de eigen inwo ners gedaan wat ze konden en is het rivierengebied goed bedacht. In de gemeentelijke organisatie ligt dat anders, er is en zal vaak nee moeten worden gezegd. Vorig jaar heeft de huidige C.D.A.-wethouder bij een dergelijk verzoek gezegd dat het geven van geld voor deze wateroverlast een eigen verantwoordelijkheid is van de inwoners van onze gemeente. Het college kwam toen niet met een voorstel een bijdrage beschikbaar te stellen. De hear Van der Baan seit dat de ferantwurdlikheid foar dizze needsitewaasje leit by it ryksregear. Der is yn dit stik fan saken gjin taak foar de gemeente weilein. De bewenners fan Boarnsterhim en de rest fan it lân hawwe begrepen dat der holpen wurde moast. Der is mei rojale hân jild jûn en help bean. Dêr- neist sjit de gemeente tekoart tsjin de eigen ynwenners oer dy't alle dagen yn need sitte. Dan is it wol tige bitter dat de ge meente samar f 18.000,00 jout foar de aksje. Hy freget it kol leezje tenei yn sokke sitewaasjes earst te oerlizzen mei de fraksjes foardat it kolleezje mei sa'n útstel komt. De hear Van de Berg seit dat syn fraksje muoite hat mei de bydrage fan de fraksjes fan de V.V.D. en de F.N.P. Om no de grutte fan de gemeentlike beurs altiten bepale te litten wat der útjûn wurde kin giet him te fier. Om de gemeentlike bydrage oan dizze aksjes beheind te litten ta f 4.000,00 hat hy grutte muoite mei, benammen omt it de minsken mei de lytse beurs binne dy't it gauste klear steane om jild te jaan. Hy tinkt dat dy minsken it hielendal iens binne mei it útstel. Oare sinjalen hawwe him yn elts gefal net berikt. LBBR.N0T/0/H/B0ERSMAL/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 10