- 11 - De útwreiding fan de camping yn Aldeboarn past wol yn de bel- iedsütgongspunten. It yndustryterrein wurdt op dit stuit net yn it tariedingsbeslút meinommen. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 10Voorstel tot het vaststellen van de Beeldkaart Villapark De Herne. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje net gelokkich is mei de ynfolling fan de bygebouwen. Foar de rest giet syn fraksje akkoart. Wethâlder De Boer seit dat de byldkaart makke is om de kwaliteit fan it gebiet fêst te hâlden. It punt fan losse of fêste bygebou wen sil eltse kear op 'e nij toetst wurde. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 11. Voorstel tot vaststelling van het bestemmingsplan De Burd Cl. herziening ex artikel 30 WRO. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 12Voorstel wijziging verordening gemeentelijke identiteitskaart. De hear Roorda seit dat syn fraksje omtinken freget foar de minsken dy't, troch de need twongen, oanwezen binne op in üt- kearing fan Sosjale Saken en dy't ferplichte in Identiteitskaart oanskaffe moatte. De minsken dy't ferline jier in gemeentlike identiteitskaart kocht hawwe sille har wol bekocht fiele omt dy kaart net foar reizen nei it bûtenlân brûkt wurde kin. Mei de nije Europeeske Identiteitskaart kin dat no wol. It ryk is hjir neffens him ûngelokkich oan de gong en hie de identifikaasjeplicht better in heal jier útstelle kind of in omwikselingsmooglikheid biede moatten. Miskien kin it kolleezje dit lykwols noch wol yn VFG-ferbân nei foaren bringe. Minsken dy't foar in werûndersyk by Sosjale Saken komme moatte ek in kaart oanskaffe. Syn fraksje freget him óf oft dy minsken dizze kaart wol betelje kinne. Hoe tinkt it kolleezje dêr mei om te gean. De foarsitter seit dat der yndied knyppunten oan te wizen binne. It oerlis mei it ryk smyt neat op. As der wat barre moat, moat de gemeente dat seis dwaan. It kolleezje beriedt him op stappen dy't effektyf makke wurde kinne en sil it risseltaat fan de diskusje yn de ófdieling oan'e oarder stelle. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 13Voorstel akkoord te gaan met de aanvraag voor een bijdrage op grond van de Vervolgbijdrageregeling Ontwikkeling Gemeentelijk Milieubeleid. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje ynstimt mei it ütstel. Ien fan'e ferplichte taken is de fersmoarging fan grûn. Syn fraksje attendearret it kolleezje op in insidint yn de Wyldlân- nen dêr't de hear Bartels in grutte fersmoarging feroarsaket. Hy trunet der op oan dêr de oandacht op te rjochtsjen. LBBRNOT/0/H/BOERS MAL/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 12