- 3 - De kommunikaasje tusken ried en kolleezje rint dus alhiel net goed. Hy fynt dat it kolleezje folie korrekter mei de terminen en it reglemint fan oarder omgean moat. Boppedat heart it kol leezje syn fraksje in skriftlik andert op syn fragen te jaan. Mevrouw Aukes vindt dat hier duidelijk sprake is van mis-communi- catie. Zij vraagt het college dringend dit in de toekomst te voorkomen. Wethouder Smittenberg zegt toe dat er alles aan gedaan zal wor den de vragen zo snel mogelijk te beantwoorden. De foarsitter docht de tasizzing dat it brief mei de antwurden yn'e ried oan'e oarder komme sil. Motie van de F.N.P. De ried fan de gemeente Boarnsterhim; yn gearkomste byinoar op tiisdei 14 febrewaris 1995; mei fernuvering kundskip nommen fan de mooglike plannen ta gearfoeging fan de gemeente Boarnsterhim mei de gemeente Ljou wert dat nei syn betinken gjin redenen oanwêzich binne foar dy gear foeging; dat jimmeroan loyaal meiwurke is oan it stedsgewest Ljouwert; dat der reewilligens is om fierders stâl te jaan oan de ynhâld en útfiering fan gearwurking; sprekt him út tsjin de mooglike plannen ta gearfoeging mei de gemeente Ljouwert. De hear Van der Baan seit dat de moasje mei ûndertekene is troch de fraksje fan Gemeentebelangen 2000. Hy ljochtet de moasje ta. Fan Ljouwert út komme der hyltiten nije berjochten, dy't al laad hawwe ta kommoasje yn Menameradiel en Ljouwerteradiel. It is kenlik sa dat de gemeente Ljouwert de diskusje oer de bestjoer- like fernijing op in folslein oare wize fiere wol as ferûnders- teld wurde mei. Syn fraksje fynt dat der in iepen diskusje oer de bestjoerlike fernijing komme moat. It is dan ek teloarstel- lend dat de boargemaster fan Ljouwert oant 2 kear ta in foarset jout oangeande wat hy tinkt dat de útkomst fan de diskusje oer bestjoerlike fernijing wêze sil. De ried fan Boarnsterhim hat ferskate kearen útsprutsen dat Boarnsterhim moai op maat is en dus selsstannich bliuwe moat. Syn fraksje fynt dat de ried him, no't Ljouwert him sa utert, net stilhâlde moat. Oars soe dat betsjutte kinne dat we ús by de miening fan Ljouwert dellizze of dat we it dêr mei iens wêze soene. Syn fraksje wol ek Ljouwert as sintrum fan ús provinsje wol stipe jaan mar net as it giet om in grutter tal ynwenners. De moasje tsjinnet om oan te jaan dat Boarnsterhim net meigiet yn dy gedachtengong fan Ljouwert. Hy noeget de oare partijen út de moasje mei te ûndertekenjen. De foarsitter seit dat it it kolleezje ek opfallen is dat it petear yn de regio de léste tiid fral giet oer it begryp gemeen- tlike weryndieling en minder oer de bestjoerlike taken. Ek it kolleezje hat noed op dit punt omt hy fan miening is dat it petear oer de bestjoerlike fernijing yn Fryslân op himsels in goede saak is mar dat de diskusje dêr no oan foarby giet. De gemeente wol dêr ek by belutsen wêze, net fan de defensive kant út wei. De diskusje moat gean oer de taken dy't dien wurde moatte. Sûnt it momint dat it begryp weryndieling yn de parse ferskenen is de diskusje eins allinne mar dêr oer gien. Yn de nota Tuskenspul komt it begryp weryndieling ek mar sydlings oan'e oarder. LBBRNOT/0/H/BOERSMAL/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 4