- 5 - Mefrou De Vries seit dat har fraksje fynt dat it kolleezje tige alert reagearre hat. Sy tinkt dat de diskusje oer de bestjoer- like fernijing frustrearre wurdt troch moasjes. De moasje fan de F.N.P. is oerstallich op dit momint. De hear Van den Berg seit dat de moasje en de faks elkoar kwa ynhâld net fier ûntrinne. Mar de diskusje oer in mooglike weryn- dieling is te foarriedich. Syn fraksje fynt dat de ried him net yn de fal lokje litte moat troch in ütspraak fan it gemeentebes - tjoer fan Ljouwert. De foarsitter konstatearret dat der ienriedigens yn de ried is oangeande de bestjoerlike fernijing en de skaal fan de gemeente. It kolleezje tinkt dat it ferstannich is jin net opjeie te litten, mar earst op in goede manier de diskusje oer de bes tjoerlike fernijing oan te gean. It gemeentebestjoer fan Ljou wert begjint oan'e sturt fan'e baarch te lûken en dat is no krekt oan'e ferkearde kant. De knooppuntstatus fan Ljouwert is tige wichtich en de gemeente Boarnsterhim is ree om mei te pra ten oer de fasiliteiten dy't dêr by hearre. It iennichste plak dêr't dat kin is yn it stedsgewest. As tuskenoplossing stelt it kolleezje út it gefoelen fan de ried oan Ljouwert mei te dielen. Mefrou Sant erna fynt dat in ferliking fan de nota Tuskenspul mei it keatsspul op syn plak is. Yn dat keatsspul bestiet ek it trik- trakspul en dêr binne we no mei dwaande. Mevrouw Aukes zegt dat haar fractie graag wil dat het college de fax aanscherpt in die zin dat Leeuwarden al begonnen is met een discussie over een herindeling terwijl in de fax wordt gesproken over het niet verengen van de discussie over de bestuurlijke vernieuwing tot een emotionele discussie over herindeling. De hear Van der Baan tinkt dat de ried ûnferstannich is as hy gjin dúdlike útspraak docht oer de weryndieling. Dat is nedich omt Ljouwert yn earste en seis yn twadde en tredde ynstansje him dêr drok mei dwaande hâldt. De kop yn it sân stekke en mar hoop je dat Apotheker syn medisinen yn'e bûse hâldt is net de goede manier. It is polityk besjoen in misslach as op dizze aksje fan Ljouwert gjin dúdlik werwurd klinkt. Syn fraksje hâldt de moasje oerein. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie op basis van de kennis van vanmiddag de motie mede heeft ondertekend. Het is niet zo netjes je dan weer terug te trekken, maar hij overweegt dat wel omdat hij vindt dat er middels de brief van het college en de toelich ting die het college nog zal geven professioneel en adequaat is gereageerd. De hear Van der Baan seit dat hy sa krekt al begrepen hie dat de fraksje fan Gemeentebelangen him weromlûkt en dus in weryn dieling net útslút. De heer Jonkers zegt dat dat niet aan de orde is. Er wordt nu niet gepraat over een gemeentelijke herindeling. De foarsitter seit dat hy begrypt dat de hear Van der Baan fan miening is dat Ljouwert allinne mar prate wol oer bestjoerlike fernijing mei it doel grutter( 100.000+) te wurden. As dat sa wêze soe soe der in beried wêze moatte oer de bestjoerlike relaasjes yn dizze provinsje. LBBRNOT/0/H/BOERSMAL/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 6