- 7 -
De hear Van der Baan seit dat syn fraksje him al in moai ein
fine kin yn wat de hear Oosterhof sein hat. Weidenaar hat yn
1988 de grûn kocht en in bouplicht oplein krigen fan 2 jier. De
hear Weidenaar foldocht net oan syn ferplichtings mar hâldt wol
de grûn. Yn de keapakte stiet ek dat de gemeente binnen in
termyn fan 5 jier de grûn weromkeapje kinne soe foar itselde
bedrach as dat it ferkocht is. Ta syn fernuvering set it kol-
leezje foar elts jier dat Weidenaar de grûn yn syn besit hat der
in rinte fan 8 persint op. Sjoen de keapakte doocht dizze trans
aks je absolüt net. Hy freget it kolleezje dêrom it ütstel werom
te nimmen. Hy fynt ek dat in ûndernimmer syn eigen risiko nimme
moat.
De heer Jonkers zegt dat ook zijn fractie bevreemd is over deze
transactie. Bij het niet nakomen van de bouwplicht hoort de
grond voor hetzelfde bedrag weer aan de gemeente te vervallen.
Waarom moest het college hier een stap verder doen? Hij vraagt
welk gedeelte er vrijwel zeker doorverkocht zal worden. Is daar
mee de f 239.000,00 afgedekt?
Wethâlder De Boer seit dat it behâld fan de wurkgelegenheid foar
Aldeboarn de ynstek fan dit ütstel is. De grûn is ferkocht yn
1988 en de bouplicht is net neikommen. De gemeente hat om al-
lerhanne reden net achter de hear Weidenaar oanwest. De termyn
fan weromkeap fan 5 jier is ferrûn en dêrtroch üntstiet in nije
sitewaasje. Troch de ûnderhanneling mei de hear Weidenaar is
besocht in goede oplossing te finen. Der binne 2 kandidaat-
keapers en noch in pear oare bedriuwen dy't ynteresse hawwe. De
eksploitaasje sil sa wêze dat der gjin jild fan út de algemiene
middels wei hinne moat.
De hear Oosterhof seit dat syn fraksje graach in wersjoene
eksploitaasje hawwe foardat hy ynstimme kin. As seker is dat de
grûn gau trochferkocht wurde kin soe hy lykwols ek akkoart gean
kinne.
De hear Van der Baan hat sterk de yndruk dat de gemeente foar de
kroade riden wurdt. Op 30 desimber 1994 is de termyn fan werom
keap ferstreken. It is dan wol opfallend dat der op 3 febrewaris
in brief komt. It kin net dat de gemeente him sa yn de fal lokje
lit. De man hat 5 jier lang gjin rjocht op rinte hân. Hy kin him
net foarstelle dat no de grün weromgiet we wol ferplicht binne
rinte te beteljen. Dat is in tige ünbefredigjende sitewaasje.
Hy fynt dat dizze sitewaasje op syn juridyske kanten besjoen
wurde moat.
De hear Van den Berg trunet der op oan dat makke ôfspraken
neikommen wurde. Der moat gjin sitewaasje ûntstean wêrby de
minsken de yndruk krije dat it mei opset sin sa run is. De ge
meente is yn dizzen merkpartij en moat ek goed besjen oft hy net
beneidield wurdt.
Wethâlder De Boer seit dat der in tasizzing is foar in part fan
it terrein. Oer de rest wurdt ûnderhannele. Der koe op sa koarte
termyn troch it grûnbedriuw gjin nije eksploitaasje-opset levere
wurde al hie dat wol better west. It ütstel hat haast omt it
bedriuw dêr't mei ünderhannele wurdt op koarte termyn ütslütsel
hawwe wol. Se is it net mei de hear Van der Baan iens dat de
gemeente foar de kroade riden is. Neffens har is de perioade
langer ferrün dan dat de hear Van der Baan neamde.
LBBRNOT/0/H/B0ERSMAL/7