AKADEMY m MS Ljouwert, 16 maart 1995 Oan de hear G. van der Hoef Gemeente Boarnsterhim Postbus 40 9000 AA Grou Underwerp: Brûken plaknammen Jo faks fan 15 maart 1995 Achte hear Van der Hoef, gemeente boarnst&bhim itigakoiMo 17 HAART 1995 Caple j em advies ter kenn. ter afd. It brief fan notaris Mr. R. N. Idema fan Roordahuizum/Reduzum, dd. 8 maart 1995, oangeande it brûken fan Hollânsk- en Frysktalige plaknammen yn de gemeente Boarnsterhim jout my oanlieding ta it meitsjen fan de foigjende opmerkings. De sjenswize fan notaris Idema op it feitlik taalgebruk fan plaknammen wol ik, sjoen de krektens, net bestride. Fansels meie binnen in Hollânsktaiich ramt Hollânsktalige nammen brûkt wurde, hoewolt it net ferbean is om ek dan de Frysktalige nammen te brûken. Oarsom jildt itselde foar it yn Fryslân besteande Frysktalige ramt. Dêr komt lykwols wol by dat de troch notaris Idema beskreaune situaasje it maklikst is as it om foarmen giet dyl yn ús eigen taal foar bûtenlânske nammen brûkt wurde, mar krekt problemen oproppe kin as it om meartalige gebieten giet, lykas mei Fryslân "it gefal is. Yn in twa- of meartalige situaasje komme der njonken de taalkundige, al gau politike, kulturele of emansipatoaryske arguminten by, dyl in oars frijwat gewoane praktyk hiel wat minder fanseissprekkend meitsje. It brief fan notaris Idema is dêr fansels in foarbyld fan. Tagelyk besiket de hear Idema dat faak minder fanselssprekkende fan de meartalige situaasje te negearjen, troch te dwaan as giet it om in taalferhâlding sal dy bygelyks tusken it Nederlânsk en it Frânsk bestiet. It twadde troch notaris Idema oansniene -bestjoerskundige- punt liket my sjoen fan de gemeente út, wol sa wichtich ta. Feitlik giet it om de fraach oft in plak mear as ien offisjele namme hawwe kin. Yn de taljochting op kêst 158 fan de -nije - Gemeentewet seit de wetjouwer yn antwurd op it útstel fan de GPV-fraksje yn de Twadde Keamer om de namme (fan de gemeente) yn elts gefal (ek) yn de Nederlânske taal te stellen, dat it him net krekt föarkomt dat de namme fan de gemeente foldwaan moat oan de eask dat dy (ek) yn de Nederlânske taai útdrukt wurde moat. Dat is in saak fan de oanbelangjende gemeente. Dat soe de konklúzje opleverje kinne dat der mear as ien offisjele namme wêze kin. De gemeente Tytsjerksteradiel gie der yndertiid fanút dat mar ien namme de offisjele wêze kin, mar de pleiter fan de tsjinpartij yn de rjochtssaken oer de nammejouwing yn Tytsjerksteradiel, helle yn syn pieitnotysje de taljochting op kêst 158 GW oan om te sizzen dat in plak mear as ien offisjele namme hawwe kin. Wat de offisjele namme is, hinget hielendal en allinne óf fan ft troch de Ried yn dizzen nommen beslui Jo kenne dat beslút foldwaande om dór de goede útlis oan te jaan. Sjoen de slotopmerking yn it skriuwen fan notaris Idema, soe ik de gemeente riede wolle foar safiert it om de eigen praktyk giet, safolle mooglik oan te stean op Frysktalige akten. Yn dat gefal is de notaris yn elts gefal holden de Frysktalige plaknammen te brûken! Mei rju achtinge, foar de Fryske Akademy, P. Henwhinga, bestjoerskundige Coulonhûs, Doelestrjitte 8 postbus 54, 8900 AB Ljouwert/Leeuwarden telefoan 058-131414, faks 058-131409 Friesland Bank 298006200, Postbank 923369

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 16