- 12 - De hear Van den Berg seit dat syn fraksje him fine kin yn it útstel. It giet om in foarriedige reaksje. Hy kin ek ynstimme mei de toansetting fan de reaksje. Benammen foar de diskusje oer it Stedsgewest is it goed dat Boarnsterhim fanút eigen krêft wei reagearret. It Stedsgewest sil it ynstrumint wêze dat de measte kâns jout op in goede oplossing fan de problemen. Hy wachtet óf wat der út it ûndersyk weikomt. Yn it ûndersyk moat wol hiel dúdlik nei foaren komme wat no eins it belang is fan in sterke stêd Ljouwert en dat it Stedsgewest foar alle belutsenen in win- sitewaasje opsmite kin. It stânpunt oangeande iepenbiere oarder en feilichheid is foar syn fraksje noch wat in probleem. Demo- kratyske legitimaasje en bestjoerlike iepenheid binne foar him hiel wichtich. It is him noch net folslein dúdlik hoe't it behear fan 'e plysje krekt regele wurde moat. Miskien is it ferstannich beide scenario's noch ris better yn byld te bringen. De foarsitter seit dat dit tuskenspul ek noch as einspul yn 'e ried weromkomt. Der binne in tal wichtige dingen troch de ried sein. It meast wichtige, sa mient it kolleezje, is it Steds gewest. De posysje fan Ljouwert moat net ünderskatten wurde, ek net yn de sin fan de ferantwurdlikheid dêrfoar fan de omlizzende gemeenten. We binne ferantwurdlik foar elkoar en dat dan net tsjin de achtergrûn fan in weryndieling. It Stedsgewest moat dêrom mear, dúdliker en helderder wêze as oant no ta. Boarnster him moat dêr oan wurkje fanüt syn eigen krêftige posysje wei. In bettere gearwurking yn it Stedsgewest sil sûnder mis it oerdra- gen fan foech ynhâlde. Gearwurking sil ek tsjinoarders opsmite moatte, sa as de heer Jonker sa treflik sei. It bestjoer tich- teby de boarger, dat is it útgongspunt. Dat jildt ek foar de plysje. De plysje beweecht him op gemeentlike skaal. Dan moat de bestjoerlike ynbêding ek op gemeentlike skaal stâl krije. It kolleezje hat der gjin beswier tsjin dat it korpsbehear nei de Kommissaris fan 'e Keninginne giet. It gesach sil bliuwe moatte dêr't it is. It behear moat net yn in opskaling telâne komme wêrfan de konsekwinsjes no noch net te oersjen binne. By it re gionaal kolleezje kin dêrfoar in goede útgongsposysje fûn wurde. Oan de ein fan it jier kin der op 'e nij wer praten wurde oer wêr't no krekt behear en gesach fan 'e plysje lizze moatte. De brânwar ferskilt in protte fan 'e plysje. De brânwar hat op syn minst ien dúdlike gemeentlike komponint. De lokale taken sil dêrom gjin misferstân oer wêze. By saken dy't de gemeentlike grinzen te boppe geane is in opskaling, sa fynt it kolleezje, in goede saak. Oangeande de miljeutaken is it kolleezje it iens mei de hear De Jager. Hy betanket de hearen Van der Baan en Van den Berg foar harren wurdearjende wurden oer de toansetting fan de gemeentlike reaksje. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 9. Voorstel inzake straatnaamgeving te Akkrum. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. 10. Voorstel tot het afwijzen van een verzoek tot het geven van een straatnaam aan een oprit op het recreatiepark Yn 'e Liite. Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform het voorstel besloten. NOTl104/0/H/BROUWERJ/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 13