- 9 -
Wethâlder De Boer seit dat der soarchfâldich nei dit fersyk
sjoen is. By it bestimmingsplan bütengebiet is der seker omtin-
ken foar dizze üntwikkeling.
Punt 3
De heer Jonkers merkt op dat de overgrote meerderheid van de
raad zich eerder heeft uitgesproken tegen een moerasbos op de
Noorderburd.
Mefrou Sant erna seit dat sy yn de kommisje ek al har beswier
tsjin it moerasbos kenber makke hat. Se referearret ek oan de
reaksje oangeande it ûntwerp Streekplan, ütwurking fan de Blauwe
Sône, dy't nei har gedachten wat swak wie oangeande dit punt.
Wethâlder De Boer seit dat it jün net oer it moerasbos giet mar
oer it nimmen fan in tariedingsbeslüt om net winske üntwik-
kelings te kearen. De reaksje op de Blauwe Sône hie neffens har
de goede toan. As oan de ein fan it jier de bestimmingen oan 'e
oarder binne sil de ried diskussiearje kinne oer wat der krekt
barre moat.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor
stel besloten.
11. Voorstel tot het beschikbaar stellen van een krediet voor de
herinrichting Stationsweg.
De hear Van der Baan seit dat it útgongspunt wêze moatte soe:
hoefolle jild is der, om hokker probleem giet it en wat kin der
mei dit jild dien wurde. It probleem dêr't it fan it begjin óf
oan om gie wie dat de huzen fan De Baai te ticht op de Stasjons-
wei stean. Yn dit ütstel giet it lykwols mear om de ferkearsûn-
feiligens. Hy fynt it in frij subjektyf ütstel omt hy oant no ta
net konstatearre hat dat de Stasjonswei in ferkearsûnfeilige dyk
is. De Stasj onswei as tagongswei nei Grou hat in wichtige funk-
sje. As de Stasjonswei smeller makke wurdt wurdt er der net
feiliger op. Boppedat sil it probleem him ferlizze nei de Ooster-
goostrjitte. Foar de fersmelling wurdt jild brûkt dat reservearre
wie foar parkearterrein. No wurdt der by festiviteiten parkeard
op de Stasjonswei. Hoe moat dat no aanst as de dyk smeller makke
is. Ek de ütwreiding fan grienstroken giet tsjin it belied yn
dat fierd wurdt om de grienstroken te ferkeapjen. Foar it fer-
fangen foar sa'n lyts stik fan it rioel wurdt in ekstreem heech
bedrach ütlutsen. Syn fraksje fynt dat der hjir op ûnferantwurde
wize jild út de rioelpot helle wurdt en dat hat aanst miskien
wol wer in ferheging fan de rioelheffing fan gefolgen. Syn frak
sje giet dan ek net akkoart mei it kredyt dat frege wurdt. Troch
de klinkers tichter tsjinelkoar oan te straten kin neffens him
in foldwaande lûdsreduksje helle wurde. Foar in skieding tusken
fytsers en oar ferkear kin it brûken fan "bargerêchjes" fertuten
dwaan. In werynrjochting fan de Stasjonswei mei, wat syn fraksje
oanbelanget, net mear kostje as it budzjet wat dêr foar stiet,
nammentlik f 140.000,00.
De hear De Jager seit dat nei ütfiering fan dit ütstel der 3 ka-
tegoryen minsken tefreden binne: de oanwenjendende weibrükers
en de finansier. Syn fraksje hat gjin muoite mei dit ütstel, mar
is wol benijd yn hoefiere der binnen de begrutting bleaun wurdt.
Nei de ütfiering wol hy graach sa gau mooglik witte hoe't dat
ôfrûn is.
NOT2305/O/H/BROUWERJ/9