- 2 - Tevens zou bekeken kunnen worden of het mogelijk is dat achter het mooie, monumentale gemeentehuis een nieuw verblijf kan wor den gecreëerd. De foarsitter seit ta dat de neamde problematyk yn it kolleezje oan'e oarder komme sil. Hy komt der dan op werom yn de kommisje AZW. Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor stel besloten. 4a. Voorstel tot het verstrekken van een krediet ten behoeve van een haalbaarheidsonderzoek Kameleonthema Mefrou Santerna seit dat it Kameleontéma, dat sawol bern as grut ten in protte te sizzen hat, sûnder frijwilligers neat is. Foar dy frijwilligers hat sy alle lof. Se freget oft de provinsje al subsydzje tasein hat. Mefrou De Vries seit dat dit Kameleonplan, it earste konkrete projekt út it toeristysk-rekreatyf aksjeplan wei, seker in kâns fan slagjen hat. Ek sy freget nei it provinsjaal subsydzje. De hear Van den Berg tinkt dat it helberheidsûndersyk foar dit kânsrike Kameleonprojekt tige wichtich is. Fan in mislearring sa as it Aeolusprojekt wurdt ommers net ien better. Ek hy wol graach witte hoe't it mei it provinsjaal subsydzje komt. De hear Van der Baan kin him oanslute by wat earder sein is. De ynset fan de Terhernsters en de oersichtlikheid fan in lytse mienskip meitsje dat dit plan in goede kâns fan slagjen hat. In helberheidsûndersyk liket him hiel ferstannich ta. We moatte der lykwols wol wis fan wêze dat de provinsje ek ta de beurs giet. Der wurdt foar dit ûndersyk f 17.000,00 út it saneamde Yn'e Lijte-potsje weihelle. Syn fraksje wol graach ris de likwidaasje- rekken fan Yn'e Lij te ûnder eagen krije. De hear Postma seit dat syn fraksje gjin hege ferwachtings hat fan de útkomsten fan it helberheidsündersyk. Hy wiist dan ûnder oaren op it Aeolus-projekt. It giet ommers foar it slagjen fan dit ynisjatyf om de kwaliteit, de attraktiviteit en de promoasje foar it Kameleonprojekt. Foarse ynvestearings yn de promoasje sille needsaaklik wêze. Private sawol as publike ynvestearings sille ek bydrage moatte oan dit projekt. De brune-syl-feart yn Starum is dêr in moai foarbyld fan. Der sille dan ek strategyske allianties mei private ynvestearders, mei ferplichtings fan wjerskanten, ôfsluten wurde moatte. De hear De Jager seit dat in pear lyn it doarp Terherne der fersutere bylei. No sjogge jo in hiel oar doarp. "Ienridigens makke it lytse grut"; dat jildt perfoarst foar Terherne en it wurdt dêr yn praktyk brocht. Hy lokwinsket Terherne mei dit Kameleonprojekt en hopet mei de oare fraksjes op in provinsjaal subsydzje foar dit helberheidsündersyk. Wethouder Van den Berg zegt dat ook het college veel lof heeft voor de vrijwilligers in Terherne. De provincie, die eerst voor 1/3 van de kosten stond heeft nu niet meer dan 20% toegezegd. De Stichting heeft, en dat is jammer voor hun eigen budget, het ontbrekende deel toegezegd. NOT2305/O/H/BROUWERJ2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 5