- 5 -
De hear Van der Meulen seit dat as bliken docht dat de fersmoar-
ger (de boer) net betelje wol de gemeente belied meitsje moatte
sil. It liket him net wiis te wachtsjen op de oerienstimming
tusken de lânbou en de destruksjebedriuwen. Syn fraksje sjocht
dizze subsydzje as in oergongssitewaasje oant de evaluaasje oer
twa jier.
De hear Van der Baan fynt dat min gedrach net beleanne wurde
moat en dat docht it kolleezje mei dizze subsydzje eins wol. Hy
fynt dat de hear De Jager net korrekt hannele troch de histoa-
ryske feiten te ferdraaien. Der is gjin inkelde relaasje tusken
it oarlochsferline en de hjoeddeistige regeling oangeande it
opheljen fan kadavers.
De foarsitter slüt de gearkomste tydlik om 21.00 oere. Hy werie-
penet de gearkomste om 21.10 oere.
De foarsitter seit dat it kolleezje it útstel weromnimt. Sa kin
der ek gebrûk makke wurde fan de saakkundigens fan guon rieds-
leden op dit mêd. Dêrta sille ôfspraken mei dy riedsleden makke
wurde.
Mevrouw Aukes zegt dat, hoe dan ook, punt a. voor haar fractie
niet meer bespreekbaar is.
7Voorstel tot het herzien van de vastgestelde grondprijzen van
het exploitatiegebied Warten Oer de Barten te Warten.
Mefrou Santema freget oft de 8 10 kavels, dêr't oer praten
wurdt yn it útstel, al útjûn binne.
Wethâlder De Boer seit dat der mei Warten in proseduere ôfpraten
is. Ut de earste kategory binne 3 kavels ferkocht en 1 út de
twadde kategory 1.
Vervolgens wordt zonder hoofdelijke stemming conform het voor
stel besloten.
8. Voorstel tot het vaststellen van de exploitatie van het complex
Lange Miente te Akkrum en het beschikbaar stellen van een kre
diet ten behoeve van het bouw- en woonrijp maken van het terrein.
Zonder discussie en zonder hoofdelijke stemming wordt conform
het voorstel besloten.
9. Voorstel tot het vaststellen van de overeenkomst plan Meinga 2
te Grou.
Wethâlder De Boer seit dat it beslút wizige is neffens it
fêststelde belied oangeande it net brüken fan tropysk hurdhout
en it better oanlizzen fan de wegen. Om gjin b.t.w. betelje te
moatten binne yn it ütstel fan it kolleezje dizze wizigingen
direkt yn it kontrakt behelle.
De hear Oosterhof seit dat syn fraksje der muoite mei hat dat
dizze wiziging fan it beslüt sa koart foar dizze gearkomste
presentearre is. It wie dochs bekind hoe't it gemeentlik belied
oangeande hurdhout is. It bestek hie dêr neffens rekkenje
moatten krekt sa as mei it meitsjen fan in bettere fundearring
ünder de wegen. Syn fraksje freget hoe't it krekt mei artikel 8
fan it kontrakt sit. Wa betellet it oanlizzen fan de nutsfoars-
jennings? Wannear is it bestimmingsplan klear.
NOT2305/0/H/BR0UWERJ/5