- 15 - Hy it it mei de fraksje fan de P.v.d.A. iens dat brieven nei oare gemeenten en ynstânsjes en ferienings ta yn it Frysk steld wurde moatte. Op langere termyn wol hy der op oan dat 50 fan alle stikken yn it Frysk skreaun wurde. Dan pas kin der sprutsen wurde oer in lykweardige sitewaasje. Wethâlder Van den Berg seit dat by it riedsprogramma sein is dat der earnst mei it Frysk makke wurde soe. It plan fan oanpak is in earste oanset om te kommen ta in sitewaasje dêr't respekt, tolerânsje en lykweardigens foar it Frysk oer bestiet. It kol- leezje is der foarstanner fan dat der yn de korrespondinsje op in natuerlike wize mei it Frysk omgien wurdt. By it algemiene belang heart ek dat bestjoerders it Fryks in plak jouwe. Se hat it gefoel dat de diskusje dy't al yn de kommisje plakfûn hat no oereide wurdt. It kolleezje hat nochris praten oer it jaan fan in gratifikaasje en fynt dat dy gratifikaasje dochs in stimulans wêze kin. Amtners wurde ek stimulearre oare kursussen te folgjen. Yn 'e praktyk blykt dat it nedich is wat yn te setten om it doel te berikken. It soe moai wêze as yn de takomst de amtner Frysk net mear nedich wêze soe. Foarearst sil dat lykwols noch net it gefal wêze. Se tinkt net dat it foar de amtlike organisaasje in beswier wêze sil om doelmjittich de Fryske taal te brûken. De amtner Frysk kin altiten stipe jaan. It petear fan de hear Van der Baan kin wat mei dien wurde; somtiden steane wy te min stil by de funksje en de wearde fan de Fryske taal. Mefrou De Vries is it net mei de hear Van der Baan iens dat we wer by it nulpunt oanbelâne binne. Boarnsterhim en Tytsjerks- teradiel binne begûn as ynfieringsgemeente Frysk en dat hat in hiele protte effekt hân. Dat hat der oan bydrûgen dat der in Taalwet kommen is. Lykweardigens foar it Frysk is dêrtroch gjin diskusjepunt mear. Sy fynt dat der yn de diskusje in taalstriid kultivearre wurdt dy't der hielendal net is. De gratifikaasje is neffens har net sinfol, omt it gewoan is om Fryske brieven te skriuwen. Mevrouw Aukes vindt het helemaal niet vreemd dat de discussie in de commissie nu wordt over gedaan gezien de zinsnede in het voor stel dat de commissie positief heeft gereageerd. Er wordt op essentiële onderdelen anders gedacht dan het college. Zij noemt het nogmaals arrogant dat het college niet heeft geluisterd of wil luisteren naar de meningen uit de commissie. Dat gebeurt vaker en zij vraagt zich dan ook af wat de zin van commissiever gaderingen is. Zij noemt nogmaals de bezwaren van haar fractie ten aanzien van de gratificatie en de beleidsambtenaar. Zij vindt het ook belangrijk het draagvlak voor dit voorstel bij de Plaatselijke Belangen te toetsen. De hear De Jager hat mei wurdearring nei de hear Van der Baan harke, al wie hy wol wat negatyf. Mei de Fryske plaknammen en de Geakundekommisje dy't tige goed wurk docht binne we al in aardich ein op reis. Syn fraksje hat alle wurdearring foar it plan fan oanpak. Wethâlder Van den Berg seit dat sy it nulpunt dêr't de hear Van der Baan op tsjut sjocht yn it ljocht fan it gebrûk fan it Frysk yn de organisaasje. Sy hat de motivaasje fan it kolleezje foar it jaan fan it gratifikaasje ütlein. It soe spitich wêze as dat net trochgean kinne soe. NOT0407/O/H/BROUWERJ/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1995 | | pagina 26